Heit en Mem 4 - 2010

48
Een fantastische uitvinding SPREID- BROEK BETIID PUBERJE Een beetje is niet erg FILOSOFY OP SKOALLE VERLEGEN NR. 04 - 2010 GRATIS EN FERGEES

description

Heit en Mem is in tydskrift foar âlders mei bern fan 0 oant 12 jier.

Transcript of Heit en Mem 4 - 2010

Page 1: Heit en Mem 4 - 2010

Een fantastische uitvinding

SpreiD- broek

betiiD puberje

Een beetje is niet erg

FiloSoFy op Skoalle

verlegen

nr. 04 - 2010gratis En fErgEEs

Page 2: Heit en Mem 4 - 2010

op wa’t wy binnegrutsk

berne-opfang • pjutteboartersplakken • bûtenskoalse-opfang • gastâlderopfang

By Sisa wurkje 210 fêste en 220 frijwillige liedsters. Wykliks meitsje 5000 bern gebrûk fan de ferskate foarmen fan ús opfang. Hjirmei is Sisa in grutte oanbieder fan berne-opfang yn Fryslân. Mar grut wêze fine wy net it wichtichste: de goede dingen dwaan en grutsk sjen kinne nei it opgroeien fan alle bern dy’t oan ús soarch tabetroud binne, dêr giet it om.

Sjoch foar it oanbod fan Sisa op: www.sisa.nu

Sisa-100x133.indd 1 7-1-10 14:53(voor)lezen is leuk!

en bij de bibliotheek voor kinderen nog gratis ook

ontdekdebieb.nl

Jouw coach rondom de kraamtijd

Isis kraamzorg was voorheen:

T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl /heitenmem

Met 18 kindercentra in Leeuwarden, Drachten, Heegen IJlst èn ons gastouderbureau in Drachten, bieden wij in de provincie Friesland volop mogelijkheden voordagopvang, buitenschoolse opvang en gastouderopvang.

Interesse? Bel voor meer informatie 0800 0743 (gratis) of kijk op onze website www.catalpa.nl.Voor het gastouderbureau bel met 0900 2000 700.

Catalpa KinderopvangNoord Nederland in Friesland !

20100399 Adv 100x133 Friesland v2.indd 1 23-9-2010 14:08:41

Page 3: Heit en Mem 4 - 2010

3

‘Op myn hichtepunt spile ik 4e klas KNVB, by it earste fan VVI, de fuotbalklup fan Jiskenhuzen. It is in lyts doarp, mar der stapt in soad talint om. No spylje sy al 2e klas. Doe’t ik yn it earste siet, trainden wy twa kear yn ’e wike. Op it lêst waard dat my te folle; ik krige rêchklachten en bin doe oerstapt nei de feteranen, noch foar’t ik 35 wie. Wy traine no ienris yn de wike mei in fêste ploech. Ambysjes wat de fuotballerij oanbelanget ha ’k net mear, mar ik bin aktyf as jeugdbegelieder. Nick spilet by de E3 fan Renado-VVI. Hy is achterste man en fielt him ferantwurdlik foar syn posysje. Hy sil nea nei foaren fleane om’t hy ek ris skoare wol. Hy wit dat de achterhoede dan net ôfdutsen is. Tegearre kinne wy goed de taktyk fan it spul beprate. Nick is fanatyk yn it sporten, mar in goeie ferliezer. Dat fyn ik wol knap fan sa’n mantsje en ik bin dêr bêst grutsk op.’

Sa heit Sa Soan

Hasto ek tegearre mei soan of dochter in selde hobby? Stjoer dan in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei [email protected]. Miskien stiesto de oare kear yn dizze rubryk fan HEIT en MEM.

namme: Hielke Bokma (39)

Wenplak: Sint-Nyk

Berop: Hielke hat in eigen klussebedriuw

hobbys: fuotbalje, fiskje, bestjoer VVV

(Sint-Nykster merke)

Relaasje: 19 jier mei Jannie Spijkerman

Mem fan: Nick (10) en Ilse (8)

Page 4: Heit en Mem 4 - 2010

4

FeestebrijCiska Noordmans

Op in woansdeitemiddei yn ’e simmer steane se ynienen foar my; Netithon mei syn freondintsje. Sy ha op ’e kop yn ’e ferklaaikiste sitten en fan alles opfandele. It freondintsje hat in grut kleed omslein en in reade hoed op ’e holle. Netithon stiet dêr yn in te grutte joggingbroek en in piratebandana; hy hat syn gymtas – in sûvenir út syn bertelân – yn ’e hân, grôtfol stoud mei knuffels, auto’s en oare kostberheden. ‘Sinterklaas kapoentje’, sjonge sy sa lûd dat it swit harren de bakkeburden útrint. En dan yn ien azem troch: ‘Heb je ook nog wat snoepjes voor mij?’ Sint-Marten, Sinteklaas, Kryst en âld en nij, it is foar bern faak ien feestebrij.

By Maite, doe’t dy krekt 5 wie, wie it net oars. Wy hawwe fan har noch in krysttekening bewarre. Mei de skiep en de krêbe fan Jezus midden op ’e stoomboat fan Sinteklaas, wylst de swarte Piten en de ingeltsjes deromhinne fladderje.

It is in tiid dy’t my as mem net sûnder skuldgefoel ta in grut liichbeest makket: ‘Ja hear, Sinteklaas riidt ek op ús dak.’ Mar foaral in tiid fan lekker mei syn allen oan ’e tafel sitte, kleurje, lêze en hearlik snobje fan de pipernuten mei tumtums, krystkrânskes en oaljebollen … wat no feestebrij?

Yn dit nûmer jouwe wy omtinken foar de winter yn de siden mei gadgets en de kollums. Fansels dizze kear ek wer hiele moaie reportaazjes oer filosofy op skoalle, oer famkes dy’t hieltyd earder puberje en fierder in bydrage oer Jasmijn, in famke dat in spriedbroekje ha moast. Nei in goed healjier koe it broekje ôf en begûn foar har de sinne al wer te skinen!

Wolle jo it tydskrift Heit en Mem tenei thús stjoerd krije?

Folje dan dizze bon yn en stjoer him nei ús op.

Foar € 10,- (€ 15,- foar abonnees yn it bûtenlân) krije jo

4 nûmers fan it tydskrift Heit en Mem tastjoerd. Wurde jo

healwei it jier abonnee, dan betelje jo allinne de nûmers dy’t

dat jier noch ferskine (€ 2,50 it tydskrift).

Wy kinne it jild pas ôfskriuwe as jo dêr tastimming foar

jûn hawwe. It abonnemint wurdt troch ús as akseptearre

beskôge nei ûntfangst fan dit formulier en bliuwt jildich

oant opsizzing fan jo kant. Troch it te ûndertekenjen

ferklearje jo ek akkoart te gean mei de ôfskriuwing.

Dit formulier graach folslein ynfolje en weromstjoere nei ús antwurdnûmer.

In postsegel is net nedich. Wy winskje jo alfêst in protte lêswille ta.

Afûk / Antwurdnûmer 5003 / 8900 VB Ljouwert

Machtiging (oant it wer opsein wurdt)

Hjirby machtigje ik de Afûk om dit jier € 10,- fan myn rekken ôf te skriuwen foar

ferstjoers- en administraasjekosten fan de jiergong 2011. It abonnemint wurdt oan

de ein fan it jier automatysk ferlinge en omsetten nei in machtiging foar € 10,- foar

de fjouwer tydskriften yn 2012.

Namme rekkenhâlder:

Adres:

Postkoade en wenplak:

E-mailadres:

(Post)banknûmer:

Datum:

Hântekening:

Abonnemint op Heit en Mem

Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en mem fan twa moaie bern, Maite (10) en Netithon (6).

Dieuwke Posthumus (29) is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan de website heitenmem.nl. Sy is yn septimber troud.

Page 5: Heit en Mem 4 - 2010

5

ynhâlD03 Sa heit, sa soan04 Kollum Ciska Noordmans06 Heit en Mem Post08 Help! Ik kan de rommel

niet meer de baas.12 Kollum Jaap Mulder13 Utstapkes14 Yn ferwachting17 De spreidbroek19 Zorg allereerst voor jezelf20 As famkes froulju wurde22 Bernepraatsjes23 Heit en Mem boeken25 Swier & Swiet26 Heit mei in hersentumor31 Winterwaarmte32 Kollum Karen Bies33 Bern34 Opfang skoalbern yn âldereintehûs37 Berneboeken38 Verlegen40 Kollum Tjalling de Vries41 Heit43 Jonge ouders met slaapgebrek44 Filosofy46 Kollum Christine Magour47 Pake syn pop

nr. 04

kolofon

redaksje: Ciska Noordmans en Dieuwke Posthumus

haadredakteur: Ernst Bruinsma

meiwurkers: : Karen Bies, Ingeborg Hoogsteen, Mirjam van Houten, Christine Magour, Aukje Mulder, Jaap Mulder, Ciska Noordmans, Dieuwke Posthumus, Marijke Roskam, Amanda de Vries, Tjalling de Vries, Nynke van der Zee

korreksje: Ytsje Steen-Buwalda en de Stellingwerver Skrieversronte (side 46)

advertinsje-eksploitaasje:Breuker Telemarketing & Meer Tel.: 0515 - 41 21 11www.breuker.nlWolle jo advertearje yn Heit en Mem, nim dan kontakt op mei [email protected]

Distribúsje:Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 40.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje.

Dizze Heit en Mem is it fjirde nûmer dat yn 2010 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Jo kinne ek in abonnemint op it blêd nimme. Foar € 10,- wurde jo 4 nûmers tastjoerd. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei [email protected]

ISSN: 1878-4437

Heit en Mem hat in eigen webside! Sjoch gau op www.heitenmem.nl

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

redaksje-adres/ útjouwer:AfûkPostbus 538900 AB Ljouwertwww.afuk.nle-mail: [email protected] / [email protected].: 058 - 234 30 70

printwurk:Telenga Drukkerij [email protected].: 0517 - 38 09 80

Foarmjouwer:BW H [email protected].: 058 - 213 35 43

Fotografy:Het Hoge [email protected].: 058 - 215 79 66

Fotografie Lydia studio foto'[email protected].: 058 - 843 37 05

yllustraasjes:Andrea Kruis (side 21,22)[email protected]

Page 6: Heit en Mem 4 - 2010

6

heit & mem poStBegjin takom jier komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út.Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús, of stjoer it op! [email protected] & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert

Dit is ús famke Saskia fan 12 wike âld. We sieten yn de auto op fakânsje op Texel. Tegearre mei heit siet se te wachtsjen op mem en har grutte broer en sus. Efkes in momintsje tegearre... En wat in plaatsje komt d’r dan út!!! Foar it earst sa moai op de foto, mei in big smile!

Gr., fam. V.d. Weide, Bitgummole

SMILe!

PAke WAtSeDit binne Gerrianne (5) en Deborah (2) mei harren pake Watse Posthumus. Pake is 65 jier en docht hast alles noch mei de bern. Gekjeie, dêr binne se o sa gek op. Hoe mâler at pake docht hoe moaier at se it fine. Pake genietet folop fan syn pakesizzers.

De groetnis fan in grutske mem, Anneke Posthumus.

oppaS? poll op WWW.heitenMeM.nl

FoAr INeke - FAN MeM

Ik heb je gedragen op mijn armTot je kon lopen aan mijn handMijn kleine Ineke wordt steeds groterWe lopen steeds minder hand in hand Ik heb je in bruikleen voor de toekomstJe bent niet mijn bezitDeze meid zal bloeienIk weet zeker dat er een bijzondere vrouw in zit Tot die tijd zal ik je leidenIk pak je hand zo af en toe nog even vastOm je te wijzen op de dingen in het levenZodat jij niet wordt verrast Dus wat het leven jou nog brengen zalDeze hand zal er altijd zijnDe hand die kan strelen en kan troostenDat moeten de handen van je mem zijn

45%

pa

ke

en

be

ppe

22 %

ga

sto

ud

er

op

va

ng

19 %

kin

de

ro

pv

an

g/c

ch

e

14%

he

it e

n m

em

Page 7: Heit en Mem 4 - 2010

7

BaBydate

poppe fan de Moanne!

sian denise Wiebes

(6 moanne) út Boalsert

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei [email protected] en wa wit stiet dyn foto straks as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krijsto it nijste Fryske berneboek tastjoerd! ‘Poppe’ is Fries voor ‘baby’. De baby mag niet ouder dan één jaar zijn!

neist dit tydskrift en de website www.heitenmem.nl der ek in http://heitenmem-hyves.hyves.nl en in http://twitter.com/HeitenMempuntnl is?

WISteN jIMMe DAt

We konden niet wachten tot we te horen zouden krijgen wat het zou worden... een jongen of een meisje. Mijn moeder en ik stonden te popelen om de kinderkamer leuk in te richten.Toen we met 20 weken hoorden dat het een meisje werd, zijn we direct aan de slag gegaan om een gezellige, mooie en toch stoere meisjeskamer te maken. Kussentjes, schilderijtjes, knuffels, een plaid. Allemaal zelf gemaakt. Mijn dochter, Lieke Leanne, is inmiddels 20 maanden.

Marrit Oosterloo uit Opeinde

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei [email protected]

de BeRnekeaMeR

auguStuS

Jort karel dijkstra

(3 moanne) út Menaam

SeptiMBeR

Leave pake en beppe,Hjir efkes in berjochtsje om pake en beppe te betankjen foar de goeie soargen en alle oppas-oerkes oant no ta! Wy meie altyd bij jim boartsje en útfanhús en dat fine wy hiel leuk. Efkes by de kij sjen of by pake op ’e trekker. Machtich fine wy dat! Jimme binne de leafste pake en beppe!

Hiele dikke tút fan Anouk Stelwagen en Yenthe Grijpma

DANkeWoL!

Page 8: Heit en Mem 4 - 2010

8

Aukje Mulder

Ik kan de rommel niet meer de baas!

Help!

Page 9: Heit en Mem 4 - 2010

Overal slingert speelgoed door de kamer. Her en der liggen tassen en schoenen. De tafel bezwijkt bijna onder alle kranten en folders. Help! Werk aan de winkel voor de professional organizer.

9

Page 10: Heit en Mem 4 - 2010

10

Er zijn van die dagen … Je bent druk, druk, druk en aan opruimen kom je niet toe. De onverwachte visite wordt ontvangen met een luid: ‘Let maar niet op de rom-mel’, terwijl je snel wat post in een la en sokken onder de bank schuift. Weg ermee, uit het zicht. Maar wat doe je als het je nóóit lukt om je huishouden goed te organiseren?

Vooral vrouwen schamen zich toe te geven dat ze vastlopen in hun huishou-den. ‘In het eerste gesprek hoor ik vaak: “Ik vond het moeilijk om deze stap te zetten...” Gelukkig zie ik het tij keren. De aarzeling om een professional organi-zer in te schakelen, vermindert. Het is tegenwoordig minder een taboe om een buitenstaander in te huren.’

leukAl vier jaar heeft Lies Mulder uit Drach-ten haar eigen praktijk als professional organizer. Door haar studie HBO Toege-paste Huishoudwetenschappen vindt zij het boeiend om bezig te zijn met het functioneel indelen van huis en agenda. Hoe berg je op, wat is handig, hoe maak ik het me zo makkelijk mogelijk? En, weet zij inmiddels, makkelijk is niet alles, leuk is ook belangrijk. ‘Iets opbergen in een vrolijk gekleurde map of bewaarbox werkt stimulerend. Als ergens een posi-tieve sfeer omheen hangt, zul je mak-

kelijker tot opruimen komen. En je hebt meer zin om het zo te houden. ’

Al deze ideeën kan zij prima kwijt in haar werk. Zij bezoekt cliënten in hun eigen woning. Niet om hun kasten op te rui-men. Wel om te kijken hoe een en ander efficiënter kan worden ingedeeld, wegge-zet en opgeruimd en dit ‘al doende’ samen te organiseren. ‘Ik heb geen oordeel en zeg wel eens: “Ik ben een buitenstaander die met frisse blik jouw blinde vlekken ziet.”’

ValkuilIn haar cliëntenbestand heeft ze ook tweeverdieners met kinderen. Want dat speelgoed... en al die kleren. Alles slingert overal rond en moeder kan na haar werk nog eens aan de bak: als super-opruimer. Dat is juist een valkuil, zegt Lies. ‘Denken dat jij het sneller of beter kan. Maar je kind leert niet om zelf te ordenen en je geeft hem niet de verantwoordelijkheden die hij in zijn volwassen leven nodig heeft. Komt je zoon thuis van school en gooit hij hier zijn jas en daar zijn tas neer omdat hij snel op Hyves wil? Ga niet zelf oprui-men maar fluit hem terug. Investeer wat tijd en energie en hij zal het al snel uit zichzelf doen. Wees geen assistent van je kind maar opvoeder.’Als zij bij een gezin thuis is, praat zij niet óver maar mét de kinderen. ‘Kinderen vanaf vier jaar kunnen vaak al goed mee-

praten over wat ze zelf willen. Dan vraag ik wat ze willen doen op hun eigen kamer. Voor slapen is een bed nodig, voor kleren een kast. Maar willen ze er ook spelen? En waarmee? Je kunt ze zelf laten bedenken waar ze alles willen opbergen. En je helpt te ordenen: als ze vooral in de woonkamer kleien dan hoeven die klei-spullen dus niet op hun slaapkamer te liggen.’

ComplimentenEen eigen – lichte – plek in de woonkamer om te spelen is aan te raden, zegt Lies. ‘Kijk naar de kleuters op school. Ze hebben een poppenhoek en een bouwhoek. Dat geeft duidelijkheid en het speelgoed mag op die plaats even blijven liggen. Zorg voor het opruimen voor een kast of laden waar ze makkelijk zelf bij kunnen. Een tip: label de laden of koop transparante bakken en laat de kinderen zelf mee-denken over wat waarin hoort. Betrek ze erbij want dan zullen ze eerder geneigd zijn om zelf op te ruimen. En wees daarna royaal met complimenten.’ Maar, zegt Lies tenslotte, als je als ouder niet doet wat je je kind leert, dan zijn alle investeringen zinloos. ‘Want zoals bij alles geldt ook hier: goed voorbeeld doet goed volgen.’

Page 11: Heit en Mem 4 - 2010

11

Kijk wat je kind nodig heeft en doe geen impuls-aankopen. Kinderen hebben vaak te veel speelgoed en zien door de bomen het bos niet meer. Bo-vendien is er vaak onvoldoende ruimte om alles op te bergen.

Berg speelgoed af en toe voor een paar maanden op en laat het rouleren. Als je het dan weer te voorschijn haalt, lijkt het ‘nieuw’ en heeft het kind weer zin om ermee te spelen.

Zoek een vaste plek in de kamer om schoolwerkjes te eta-leren. Kijk iedere week wat er aan oude werkjes verzameld of weggegooid kan worden. In de grote vakantie kun je alles sor-teren en de ‘blijvertjes’ per jaar in een archiefdoos stoppen.

Koop voor ieder kind een eigen archiefmap en doe daar alles in wat op dat kind betrekking heeft: Groeiboekje, zwemdiploma’s, ID–kaart, etc.

1 2 3 4

tipS

Page 12: Heit en Mem 4 - 2010

1212

HERFSTVAKANTIEDe zoons staan met zijn tweeën bij het vuur. ‘Dat wil vast wel branden papa!’ roepen ze in koor als ze zien waar ik nu mee aan kom. Even later schieten de rooie tongen omhoog. ‘YES! Hoera!’ Altijd een fascinerend gezicht. En lekker warm.

Het was al bijna herfstvakantie en de jongens wilden iets doen, ze wilden weg. ‘Zullen we weer als van de zomer naar een huisje in Frankrijk?’ ‘Hallo,’ zei ik, ‘iemand wel eens van geld gehoord?’ ‘Jawel,’ zuchtten ze, ‘maar het was toch “vet” en “chill”?’ Dat moest ik beamen; meer dan ‘vet’ eigenlijk. ‘Mieters’ zouden wij veertig jaar geleden hebben gezegd; een puike trip was het geweest. Maar de koek was op. De knip was leeg. ‘Waarom gaan we dan niet met een tent!’ riep de jongste opgewonden na een paar minuten peinzen. ‘Dat kan toch ook?’ De oudste haakte direct in: ‘Ja! Dát is mega vet!’ ‘Eén probleempje jongens... We hebben geen tent.’ ‘Hoezo pa? Zevenentwintig euro bij de Action. Driepersoons!’‘En dan helemaal naar Frankrijk zeker?’ ‘Nee! De Veluwe. Kan toch ook? Toe papa, alsjeblieft...’ Eerlijk is eerlijk, ik wilde me eruit draaien. Ik zon op een geniale uitvlucht. Ik kon een dag later zeggen dat ik gebeld had maar dat alle campings vol zaten... Meer dan vol, mudje vol, tjokvol zelfs. ‘Goh, jammer hè jongens. Dikke pech. Totáál geen plek.’ Ik had het kunnen doen. Maar het voelde niet goed. Liegen tegen kinderen moet geen tweede natuur worden natuurlijk. Schouders eronder en enthousiast doen, zei de pedagoog in mij. Blijheid uitstralen, het goede voorbeeld geven. En blij zijn dat mijn kinderen voor de buitenlucht kozen. Ze hadden ook landerig vanuit de driezits kunnen melden dat die plek de hele vrije week hún plek zou zijn. Super, ze wilden eropuit, met hun vader nog wel! En ik had op zolder van vroeger nog wel spullen, dus... En zo reden we dan naar een fraaie camping in de bossen. Stil was het er. En koud ook. Er stond een snijdende wind. En toen de binnentent stond begon het te regenen. En dat hield niet meer op. De jongens zagen vanuit het wc-gebouw hoe ik doorweekt de laatste haringen in de plassen stak. Alles was nat. Die nacht sliepen we in de auto – bij het tweepersoonsluchtbed zat één stopje en er waren drie gaten. We aten brood en appels en we speelden ‘reis-mensch-erger-je-niet’. Na drie dagen reden we moedeloos terug.

Nu staan we in de tuin. Vrolijk. Alle drie. De gloed op onze wangen. Een prachtig vuur. Wat wil dat nylon branden! ‘Kom jongens,’ glunder ik nu, ‘dit is vet chill! Gooi de slaapzakken er ook maar op.’

Jaap Mulder (1959) is kabaretier, komponist en toetsenist fan de band Seven Day Hunt én heit. Hy hat twa soannen, Sieger (11) en Jorrit (8).

Page 13: Heit en Mem 4 - 2010

13

De hippe foarm fan de autopet is de Kickbike; geskikt foar folwoeksenen en bern fan sa’n 1.40 meter ôf. Sels al friest it dat it kreaket, dan kinst noch lekker steppe! Kinst der wol 20 km yn ’e oere mei gean. Sjochst dysels al mei in wintermûtse op troch it Fryske lânskip sjezen? Dizze Kickbikes binne yn Lúkswâld te hier foar € 9,50 per dei. Sjoch foar mear ynformaasje www.step-away.nl.

Step-aWay

Troch in tip fan in freonlike swerver wit Jelle op ’e stoomboat fan Sinteklaas te kommen. As kokspyt bakt er der neat fan mar hy komt wol moai achter it geheim fan de reade knop! Troch de knop belibbet er spannende aventoeren yn de boartersguodwinkel en fynt hy út wêrom’t Sinteklaas op safolle plakken tagelyk wêze kin. In Fryske muzykteaterfoarstelling foar bern fan 4 jier en âlder. 28 novimber 13.30 en 16.00 oere, kaarten fia www.harmonie.nl

útStapkeS

Fûgels kinne yn de winter folle minder iten fine as simmerdeis. SOS foar it fûgelfolk! Bern (6+) kinne op 17 novimber yn it besikerssintrum yn Earnewâld lekkere fetbollen yn alle foarmen en kleuren meitsje mei sied, nuten en pitten. Moatst soan of dochter de deis tefoaren al eefkes opjaan fia 0511-539 618. Sjoch fierder op: www.fryskegea.nl

fûgelS? fet!

Wolfgang WondeRkind

op ’e tRein

Winterwaar, museumwaar! Yn Snits fynst yn it NS-stasjon ek it Nationaal Modelspoor Museum. Dêr binne in protte modelboubanen mei ridende treintsjes fan masterbouwers. Yn de fitrines binne hast alle treinen fan Märklin, Trix (Express) en Fleischmann te bewûnderjen. Mear ynfo op www.modelspoormuseum.nl

it geheiM fan de Boat fan SinteklaaS

Ben jij een winderkind? Of heb je een wondervader of wonderoma? Dan ben je op de goede plek want Edwin Rutten vond in een klein kistje brieven en dagboeknotities van een jochie dat een wonderkind bleek te zijn: Wolfgang Amadeus Mozart! Tijdens de voorstelling word je op muzikale wijze door het wonderlijke leven van dit genie geleid. 21 november 11.00 uur, kaarten via www.posthuistheater.nl

Page 14: Heit en Mem 4 - 2010

naMMeBaukje Elverdink (23)

WenplakDrachten

BeRop fulltime mem

RelaaSje6 jier tegearre mei Dennis Kuijpers

MeM fantwa jonkjes, Roy (2) en Beau (hast 1)

Baukje is no 31 wiken yn ferwachting fan in famke.

14

Page 15: Heit en Mem 4 - 2010

15

‘Op 27 oktober ferwachtsje wy ús tredde berntsje. Gelokkich wol,’ fertelt Baukje, ‘want ik ha bot lêst fan myn bekken en it liket my hearlik as de lytse der straks is. Fierder ferrint de swangerskip hiel goed en ha ik net in soad lêst, útsein dan wer de swangerskipskwaaltsjes dy’t der by hearre. Doe’t ik krekt swanger wie, ha ’k wol wat mislik west, mar ik mocht alles. Kofje of bakt fleis, alles koe ik hawwe, mar wol hiele lytse bytsjes. Twa hapkes en ik hie it gefoel dat ik in hiel miel ophie. Doe bin ik 4 kilo ôffallen. Ûnderwilens binne dy der wol wer bykommen, mar it falt ta. Yn totaal bin ik no 2 kilo boppe myn eigen gewicht en dat mei 31 wiken! It wie fansels ek in hiele ferrassing dat ik al wer sa gau yn ferwachting wie. Roy wie noch mar 1 en Beau wie der krekt, doe’t it alwer safier wie. Wy skrokken beide behoarlik. Wy wienen dêr hielendal net klear foar en it stie dan ek net yn de planning. Mar soms geane de dingen oars as datst ferwachtest en dêr moatst dy dan ek mar by dellizze. We binne no wol fan de skrik bekommen. Ek ús âlders wienen ynearsten fan slach. Mar myn man sei: ‘It komt wol goed, wy rêde it tegearre wol.’ Dêr hâld ik my mar oan fêst. Om’t wy no noch midden yn in ferbouwing sitte, ferget it allegear wol wat mear enerzjy. Wy meitsje op souder in nije sliepkeamer foar ús tegearre en de widze fan de lytse poppe komt dêr ynearsten ek by. Ik bin fulltime mem. Dennis is frachtweinsjauffeur en dêrtroch net op regelmjittige tiden thús. Dochs sitte wy tegearre wol op ien lijn wat de opfieding fan de bern oangiet. Wy ha deselde regels en binne beide net hiel maklik. Regels binne regels.

Dêrmei sit ik mysels ek wolris yn ’e wei. Somtiden moat ik ferskriklik gûle mar dêrnei klearret de loft wer op. Fansels krije de bern ek wol wat mei fan myn hormoanen en stress en sy hingje somtiden flink yn de kont. Tegearre besykje wy safolle mooglik de taken te ferdielen. Dennis draait syn hân net om foar in skjinne pamper en it waarm meitsjen fan in fleske of in hapke. Omdat wy yn Drachten in “avondburo” ha, it konsultaasjeburo by jûntiid, besykje wy safolle mooglik om beurten te gean.

in famke De befalling, dêr sjoch ik net tsjinop. De twadde, Beau, wie der samar en ik gean der eins in bytsje fan út dat de berte fan dit berntsje ek wol goed gean sil. Wy ha keazen foar in sikehúsbefalling sadat de bern moai thús bliuwe kinne. Roy en Beau witte wol dat der in poppe by komt, mar noch net dat it in famke wurdt. Wy sjogge der nei út!’

Wolst witte hoe’t de befalling gie en hoe’t de poppe derút

sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal!

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze

rubryk? Mail in foto fan dysels, mei in koart ferhaaltsje

nei [email protected].

‘ fan de SkRik BekoMMen’

Page 16: Heit en Mem 4 - 2010

De spreidbroek

fantastische uitvinding bij heupdysplasie

Aukje Mulder

16

Page 17: Heit en Mem 4 - 2010

17

Heupdysplasie is een aangeboren afwijking die zonder behandeling loopproblemen en vroegtijdige slijtage van de heup kan veroorzaken. Bij deze afwijking kan de heupkom, vanwege onvoldoende diepte, de heupkop niet goed omsluiten. Het heupgewricht kan hierdoor niet op de juiste manier bewegen. Een spreidbroek is in de meeste gevallen het aangewezen hulpmiddel om de heupen van een baby in de goede stand te krijgen. Zielig, denken de meeste ouders, want wat doe je een kindje aan? Is het pijnlijk, kan de baby zich nog wel goed ontwikkelen, hoe moet het in de kinderwagen/buggy, autostoel? Vragen en onzekerheden die logischerwijs opkomen zolang je nog niet weet wat er allemaal gaat gebeuren.

Zo verging het ook Chantal Plantinga

en haar vriend Herman Bos uit Zwaagwesteinde. ‘Bij de controles op het consultatiebureau was alles goed met Jasmijn. Wel was ze geboren met een gaatje boven haar billetjes, dat nader onderzocht moest worden omdat het op inwendige afwijkingen kon wijzen. Toen ze bijna vier maanden was, moesten er dus echo’s en röntgenfoto’s worden gemaakt. Het gaatje bleek onschuldig. Wel ontdekte men dat ze een ernstige vorm van heupdysplasie had.’

Vrees ongegrond‘Daar hadden we dus nooit rekening mee gehouden, want in onze families

komt geen heupdysplasie voor. Mijn eerste gedachte was: o jee, zal ze dan later ook moeilijk gaan lopen, zoals Lucille Werner van Lingo...’ Inmiddels weet Chantal dat alle vrees ongegrond was. ‘Ik struinde direct het internet af en werd door alle informatie gerustgesteld. De aandoening was goed te verhelpen met een spreidbroek. Die kreeg ze twee weken later aangemeten door de orthopedisch instrumentmaker. Een broek van kunststof, met een beugel om de beentjes in spreidstand te houden en klittenband rond de taille voor een goede houding van de rug.’

Snel gewend‘Het was vlak voor de kerstdagen en we werden gewaarschuwd: misschien hebben jullie niet een fijne kerst. Want Jasmijn zou vermoedelijk protesteren. Gelukkig was ze er heel snel aan

‘ Het bericht kwam aan als een klap in ons gezicht. Onze dochter Jasmijn had een aangeboren heupafwijking. Nu, minder dan een jaar later, staan haar heupen al weer in de goede stand. Dankzij een spreidbroek.’

Zielig? Nee, ze was er snel aan gewend.

Page 18: Heit en Mem 4 - 2010

 

 

   

                                                  DE STEIGERAAR,  voor al uw steigerhout 

                                                                                                      & sloophout meubelen op maat 

                                                       Dagelijks tot 17.00 uur geopend en op zaterdag tot 12.30 uur.     

                                                  Tel: 058‐2518515 of 06‐42764252. Wielsterdijk 33, Weidum.                                 

Page 19: Heit en Mem 4 - 2010

19

gewend. Twee nachten heeft ze maar even gehuild. Daarna was het goed. Sterker nog: ze sliep beter en langer achtereen dan in de maanden daarvoor. Net alsof ze het wel prettig vond om zo ingepakt te zijn. De broek ging gewoon over haar luier en kleding. Om knellen tegen te gaan liet ik haar meestal een maillot dragen, in de warmere maanden een dun broekje.’

Chantal en Herman kregen het advies om de spreidbroek 22 tot 23 uur per etmaal om te laten. Alleen bij wassen en badderen mocht hij af. ‘Omdat ze er zo goed op reageerde, verdween ons gevoel van “wat zielig” heel snel. En de praktische kant: het liggen in de kinderwagen, buggy en autostoel was ook goed op te lossen. We hadden toevallig al een brede kinderwagen, waarin ze acht maanden comfortabel

kon liggen. In de buggy en de autostoel ging het net. En een tafelstoel hebben we speciaal in een bredere maat gekocht.’

Smokkelen‘Op internet lees je reacties van ouders die smokkelen met de spreidbroek. Wij hielden ons heel consequent aan het aantal geadviseerde uren. Waarschijnlijk dáárdoor was er bij de eerste controle al een fantastisch resultaat te zien. De orthopeed was heel enthousiast toen hij de foto’s zag. In snel tempo

ging het daarna nog beter zodat ze de spreidbroek later alleen nog maar ’s nachts om hoefde. Begin juli was ze klaar. Het was bijzonder: ik had Jasmijn verteld: morgen mag hij helemaal af. Die ochtend was ze veel vroeger wakker dan anders. En toen ik het klittenband voor de laatste keer losmaakte, hielp ze met haar eigen handjes mee... Net alsof ze besefte: het is nu écht voorbij. Daarna heeft ze wel anderhalf uur lang liggen spelen met haar beentjes en tenen. En lachen! Het was ontroerend.’

De voorspelling één tot anderhalf jaar dragen, ging bij Jasmijn niet op. Na zes maanden was de spreidbroek overbodig geworden. ‘Ik bewaar hem, voor later. Alles waar we aanvankelijk tegenop zagen, is enorm meegevallen. En nu zeggen we: wat een fantastische uitvinding!’

Alleen bij het wassen en badderen mocht de spreidbroek af.

Page 20: Heit en Mem 4 - 2010

20

Anna (24) wie krekt 10 doe’t se foar it earst ûngesteld waard. ‘Ik kaam dy moarns krekt fan ’t bêd doe’t ik wat nuvers yn myn ûn-derbroek seach. Ik wist net wat it wie en ha it oan ús mem sjen litten. Doe’t sy sei dat ik ûngesteld wurden wie, wist ik it wol. Ik hie fan tefoaren ek gjin pine yn ’e bûk hân, dus ik skrok der wol fan. Ik ha it fierder oan gjin- ien op skoalle ferteld.’ Mem Wietske bleau der destiids kalm ûnder. Dat har dochter fierder wie as oare famkes út ’e klasse, hie Wietske al wol yn ’e gaten. ‘Anna wie in jier as 8, doe krige se al boarsten. Doe’t ik ris by de húsdokter wie, ha ’k wol frege oft soks normaal wie. “Neat te rêden” , wie syn ant-wurd. Mar skrikken wie it wol. Sels wie ’k in jier as 15, dus dan ferwachtsje jo dat net.’

Motor fan de puberteitMintsje Tanis-Nauta, arts-seksuologe NVVS by it MCL yn Ljouwert, kin har fine yn de reaksje fan Anna har mem. ‘Yn myn tiid

wiene froulju in jier as 13 wannear’t hja foar it earst ûngesteld waarden. As wy nei de sifers sjogge, blykt dúdlik dat de leef-tiid wêrop’t famkes mar ek jonges yn de puberteit komme, al jierren efterinoar nei ûnderen giet. Mar wêr’t dat troch komt, kinne we net sizze.’

It hat allegear te meitsjen mei de hypotala-mus, de motor yn de harsens dy’t stimulear-jende hormoanen frijkomme lit. ‘De relea-

sing factor neame wy dy hormoanen. Sy soargje der foar dat by famkes de boarsten begjinne te groeien en by jonges de ynhâld fan de testikels tanimt. Op dit momint is de gemiddelde leeftiid foar famkes 10 jier en 8 moanne as dat begjint. By jonges is it krekt wat letter, mei 11 jier en 6 moanne. Wy witte net wêrom at dy motor hieltyd earder start.’

Skealike gefolgenSkealike gefolgen sjocht Mintsje sa net ien, twa, trije. ‘It is de natoer en dêryn moatte jo as dokter net yngripe. By de measte famkes slagget it aardich om de groeispurt-trêd lykop rinne te litten mei de earste kear dat hja ûngesteld wurde. Dan slute de groei-skiven yn earms en skonken. Mar pas twa jier nei’t in famke boarstgroei krijt, wurdt hja foar it earst ûngesteld. Dan is se dus in jier as 12 en meastentiids al aardich oan de lingte. Allinne as in famke al foar har achtste boarstgroei hat, oerwege wy om yn te gripen. Pubertas praecox neame we dat. Dan binne se eins te betiid en besykje wy mei anty-hormoanen de hypotalamus foar de gek te hâlden.’

Folle wichtiger binne de psycho-sosjale ge-folgen foar jonge froulju, fynt Mintsje. ‘Net allinne lichaamlik mar ek geastlik feroaret der fan alles by in famke. De hormoanen soargje dat se oare ynteresses krijt, ek op it gebiet fan seksualiteit. Dat is tsjinwurdich earder as 25 jier lyn, mar net tè betiid. Dy

It binne noch mar famkes, mar se sjogge der faak al út as froulju. Famkes út groep 7 en 8 fan de basisskoalle dogge sa stadichoan tinken oan de jonge froulju út de earste en twadde klasse fan it middelber ûnderwiis. En it liket net allinnich mar sa, feit is dat famkes op hieltyd jongere leeftiid yn de puberteit komme. Hoe komt dat – en belangriker noch – hoe geane jo dêr as âlden mei om?

as famkes froulju wurde

De leeftiid wêrop’t famkes mar ek jonges yn de puber-teit komme, giet al jierren efterinoar nei ûnderen.

It is de natoer en dêr yn moatte jo as dokter net yngripe.

Nynke van der Zee

Page 21: Heit en Mem 4 - 2010

21

as famkes froulju wurdeleeftiid ferskoot en dêr is neat ferkeard oan. Jo kinne it as âlden ek net tsjinhâlde. Myn rie oan âlden is dan ek om te checken wat harren dochter al wit fan dit ûnderwerp. Mar foaral: wês der iepen oer.’

Iepen oer seksTienerswangerskip, soa’s, ferkearde freon-tsjes. Der is genôch dêr’t heit en mem in famke fan 12 foar warskôgje kinne. Dat is dan ek wat Mintsje faak sjocht yn de prak-

tyk. Heiten en memmen dy’t allinne op de gefaren wize. ‘Dêrtroch wurdt seksualiteit wat negatyfs, wat gefaarliks. Mar dat hoecht hielendal net sa te wezen. Seksualiteit kin just ek hiel moai wêze, spannend ek. Praat

der iepen mei it famke oer en jou in posityf boadskip. Fertel ek dat it hiel moai wêze kin. Dat ferjitte heiten en memmen noch wolris.’

Dat dat net foar eltsenien like maklik is, mei dúdlik wêze. Gelokkich wurdt der hjoed-de-dei al op de basisskoalle oandacht jûn oan seksuele foarljochting. Dêrneist is der Sense Noord Nederland, in organisaasje dy’t oansluten is by de GGD. Dêr kinne bern, mar ek âlden, terjochte mei al har fragen oer seksualiteit. ‘Fragen dy’t se net oan de húsdokter doarre te stellen’, leit Mintsje út. ‘Mar fersin jim net, bern leare ek in hiel soad út tydskriften, boeken of fan ’e tillevyzje. Media spylje in hiel wichtige rol.’

Hiel bysûnderIt is efkes wennen foar âlden, it momint dat harren famke frou wurdt. Mar troch der earlik oer te praten, kin it ek hiel bysûnder wêze. Anna glimket. ‘Ik ha der fierder hielendal gjin lêst fan hân dat ik sa jong wie. Doe’t famkes yn de brêgeklasse it der smoardrok mei hienen, hie ik it moai allegear al hân.’

Foar fragen of in ôfspraak kinne jo skilje mei Sense Noord Nederland.0900 736 736 6 (lokaal taryf)

Seksualiteit kin just ek hiel moai wêze, spannend ek.

Page 22: Heit en Mem 4 - 2010

22

GrootvaderEen meisje hier uit het dorp gaat verhuizen omdat haar moeder met haar vriend gaat samenwonen. Die vriend wordt nu niet de vader, want daar heb je er maar één van, maar de vriend wordt nu de … grootvader, aldus Lianda.

SneeuwDer leit foar it earst snie bûten dit jier en wy steane foar it rút te sjen nei de flokken.‘Sjoch, Feikje’, roppe wy (we binne hjir sa Frysk at it mar kin), ‘SNIE!!!!’ Feikje seit dêrop: ‘Nee… sneeuw!’

MuzieknotenOnze zoon Rinze Koenen (4 jaar) bekijkt een muziekboek. ‘Hé,’ vraagt hij, ‘wat voor letter is dat bolletje met dat streepje eraan?’ ‘Dat zijn muzieknoten!’ is het antwoord. Rinze: ‘Oh?! Wie lusten die?’

KilometerFenna de Jager, 3,5 jier, giet op de weachskaal stean en seit: ‘Mem, ik sil even meten, en hoefolle kilo meter bin ik?!’

ZwembadHerre (2 jaar) zag dat zijn kat, Guus, in het zwembadje in de tuin wilde klimmen.Herre riep: ‘Hé Guus, je mag niet in het zwembad, je hebt je kleren nog aan.’

MûzemolkeWisse seit dat se mûzemolke ha wol. Mûzemolke? Mem en pappa snappe har net. As de magnetron klear is en pyp seit, seit Wisse: ‘Pyp pyp, mûzemolke!’ Jawol, Wisse wol waarme molke út de magnetron ha!

bernepraatSjeSHat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei [email protected].

Stil in juniAnne Marten zit samen met Mamsie in de auto. Op de radio is het liedje “Het is zo stil in mij” ervoor. Ineens komt er vanaf de achterbank de opmerking: ‘Waarom niet in juni?’

KealtsjepoepOp ’e kemping sitte wy mei syn allen bôle te iten. Jorrit (6 jier) is in skoftke stil en lêst oandachtich alle etiketten op de potsjes en pakjes. Heit freget him: ‘Wat wolst op ’e bôle, Jorrit?’ ‘Kealtsjepoep’, seit hy. ‘En wat is kealtsjepoep dan?’ freget heit. ‘No pindakaas fansels. Der stiet “calve” (kalf) op de pot en it is brún, dus dan sil it wol kealtsjepoep wêze!’

Page 23: Heit en Mem 4 - 2010

23

heit en mem boekenDe FueryBouKe Van Der HeM, utjouwerIj FrySlânYn De Fuery draait it om utersten, it haad fan de biblioteek yn it ferrinnewearre Delfsyl dy’t in ferhâlding krijt mei de ûnderoannimmer by de ferbouwing. Hy is de bastertsoan fan in earste generaasje Turkske gastarbeider, opgroeid by mem yn Stiens. “Om syn NL-eksamen ôf te lizzen” gong er frijwillich yn tsjinst en op fredesmissy nei Bosnië. Dêr’t er net sûnder wanen foarwei kaam. Sy sjocht harsels as “te âld foar in nêst en te broazel foar in backpack, mar heftich yn foar wat leven”; se upgrade har bestean.

ut de boekekast fan janny bos

‘Echt in manneboek’, sa typearret Janny Bos út Sint-Jânsgea de bondel mei ferhalen fan Hidde Boersma Fol túch de mist yn. ‘In boek mei in eigen styl fan skriuwen en mei in eigen wurdgebrûk’, seit sy foarsichtich. ‘In soad bier, seks, froulju, sjek draaie en weed roke’, klinkt it dêrnei al wat dryster. ‘Ik ha it gefoel dat dizze man de hiele wrâld al sjoen hat en in soad minskekennis opdien hat. It boek bestiet út in tal ferhalen dy’t los faninoar te lêzen binne. Yn alle ferhalen steane markante minsken sintraal, allege-arre mei in nickname, sa’t dat hjir op doarpen noch wol faker bart. Dat en de typyske droege humor dêr’t it boek mei skreaun is, makket it ta in Frysk boek. Sa no en dan ha ik in stikje oan myn man foarlêzen, en ha wy der tegearre om lake. De herkenning fan it Frysk-eigene.’ Janny beslút har lektuer fan dit boek optimistysk: ‘Boeken lêze doch ik selden, mar ik fûn it in útdaging om wer ris Frysk te lêzen.’

Fol túch de mist ynHIDDe BoerSMa

Hasto ek in boek wat ast hiel moai fynst? Mail dan in foto fan dy en dyn boek mei in ferhaaltsje nei [email protected].

€ 14,50

It eagleton Segelarjen terpStra, FpBIt Eagleton Segel is de yndrukwekkende saga fan de famy-lje Eagleton. Fiere neikommelingen fan High King Brian Bóroimhe dy’t yn Amearika, Ierlân en Fryslân wenje, komme werom ta de oarsprong. In brutsen segel fan kostber metaal wiist de Eagletons it paad en is beskiedend foar har lot. It Eagleton Segel is in ferpletterjende fertel-ling yn de Ierske ferteltradysje. Yn in daverjend tempo sleept de skriuwer de lêzer mei oer slachfjilden en osea-nen, troch maffiabolwurken en nei de desolate stiltes fan in ferstoarn lân. De hertstocht en de leafde bloeie, en altyd baarnt it fjoer fan de Ierske ûnfersetlikheid.

€ 22,50

It genoatskiplIeuwe pIeterSen, KFFB In jonge frou is op ‘e syk nei it ferline fan in ferstoarne buorman. Se fernimt al gau dat der minsken binne dy’t dat net op priis stelle. It wurdt har stadichoan dúdlik dat de man yn ‘e besnijing fan de frijmitselerij wie en se freget har ôf oft it riedsel om syn libben hinne dêrmei te krijen hat.

€ 16,00

€ 17,50

€ 17,50

Moard yn ’e MédocFranS en tIneKe SteenMeIjer, BornMeerDe skriuwers nimme jim dizze reis mei nei de Médoc yn Súdwest-Frankryk. Yn dy paradyslike oarde reitsje Doede Deschesne, Myra Mellarius en har freondinne Louise, in keunsthistoarika, betize yn âlde en nije mystearjes. Dat in Nederlânske resjersjeur in Frânske kollega helpt om in moardner te arrestearjen liket faaks frjemd, mar oan ’e ein fan dit echte ‘wa hat it dien-ferhaal’ wurdt dúdlik dat it riedsel net oplost wurde kinnen hie sûnder de skerpsin-nigens fan Doede en benammen fan syn Myra, de tûke miljeujuriste fan de Provinsje Fryslân.

Page 24: Heit en Mem 4 - 2010

www.frieslandpost.nl/heitenmemAanmelden via internet? Ga naar de speciale pagina:

Friesland Post is hét magazine vol boeiende

reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke

(buiten)leven in het heitelân en interessante

artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 6 maanden.

Speciale aanbieding voor lezers van heit en mem!Ontvang 6 edities voor 17,-

JA

(Bij automatische incasso slechts 15,-)

Ik wil graag profiteren van de ‘heit en mem aanbieding’ en neem een proefabonnement van 6 maanden.

Ik betaal via incasso/ 15,00 accept-giro/ 17,00

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) zonder postzegel naar Friesland Post, Antwoordnummer 100, 8600 VB Sneek

Uw gegevens

Naam

Postcode

E-mail

Adres

Plaats

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Ik wil graag profiteren van de ‘heit en mem aanbieding’ en neem

Friesland Post is hét magazine vol boeiende

reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke

(buiten)leven in het heitelân en interessante

17,-

Ik wil graag profiteren van de ‘heit en mem aanbieding’ en neem

reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke

(buiten)leven in het heitelân en interessante

17,-

reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke

(buiten)leven in het heitelân en interessante

6 edities

voor slechts

17,-(15,- op basis van

autom. incasso)

Page 25: Heit en Mem 4 - 2010

25

Foar de Fryske berntsjes hat de Afûk hiele moaie griene, blauwe en rôze romperkes te keap mei de teksten ‘Lytse Protter’, ‘Boefke’en ‘Leaf’. Se binne foar € 9,95 te bestellen fia www.afuk.nl

Fryske rompers

Weetje:

Een baby die nog geen zes maanden oud is, mag geen nitraatrijke voeding eten. De reden daarvoor is dat nitraat onder invloed van bacteriën omgezet kan worden in nitriet. En van nitriet kunnen kleine kinderen ademhalingsproblemen krijgen. Nitraatrijke groentes zijn onder andere bieten, bleekselderij, spitskool en alle groene bladgroenten. Als je kind zes maanden oud is, mag het dat allemaal wel eten. Maar ook dan niet vaker dan twee keer per week. Groentes die geen nitraat bevatten zijn: wortels, bloemkool, broccoli en witlof.Bron: www.oeiikgroei.nl

Echt leuk, deze sprookjesachtige lamp op je kamer! De stippen laten een zacht schemerlicht door, ideaal als sfeerverlichting of als nachtlamp. Voor € 59,95 te bestellen bij www.jutenjuul.nl

SWieR & SWiet

een vliegenzWam op je kamer

Ek foar froulju dy’t in berntsje ferwachtsje, binne der hiele moaie jurkjes foar de feestdagen te krijen. Lykas dit jurkje fan it merk Fragile. Sjoch foar mear moaie posysjejurkjes op www.innana.nl!

moai sWanger

Deze moeder en kind knuffelhertjes staan zo ontzettend lief op de babykamer! Ze komen uit de collectie van Happy Horse en zijn voor € 15,95 (groot) en € 9,95 (klein) te bestellen bij www.zelus4kids.nl. Het hertje is ook verkrijgbaar als knuffeldoekje, rammelaar of babyslofjes!

knuFFelhert

Page 26: Heit en Mem 4 - 2010

Heit mei in hersentumor

‘ Gûle dogge we jûns nei achten’

Marijke Roskam

26

Page 27: Heit en Mem 4 - 2010

27

Page 28: Heit en Mem 4 - 2010

28

‘Het is een terrorist die in je hoofd zit en waarvan je niet weet wanneer hij toeslaat. Zo voelt het. Hij kan zijn koffer opendoen en mij in een paar weken tijd verlammen. Maar hij kan ook langzaam te werk gaan en me nog een paar jaar geven. Dat is on-menselijk ja, want ik wil mijn meisjes zien opgroeien en alles uit het leven halen.’ Nico Faaij is in leave partner, in hurd wurk-jende manager en ... harsenkankerpasjint. Mar foaral in held fan in heit foar Noa (6) en Myrthe (5). Soms oersterk steppend boppe op in hiele hege berch om jild yn te sammeljen foar ûndersyk, soms ûnder in tekkentsje op de bank.

As wie it wer yn 1991, doe’t se Nico as Suvelskoalle-studint moete op har flatsje. Klaske – hiel fleurich en stoer mei in eigen húske – op syk nei in twadde bewenner, Nico ûnder de yndruk fan dat spesjale fam-ke dat de hiele wrâld skynber oankoe. Sy rekke hieltiid mear ferslingere oan dy gekke Superman dy’t moarns fan Boalsert nei Snits draafde om baantsjes te swimmen; hy hie syn freondinne foar it libben fûn... Mid-den tusken boartersguod, steapels papieren en oanelkoar plakte doazen – ‘om te brûken as tintsje, dat fine de famkes moai’ – fertel-le Nico en Klaske yn de stúdzjekeamer fan harren hûs yn Driebergen oer dy earste jier-

ren. Entûsjast, elkoar noch altyd pleagjend en foaral mei in grutte smile. ‘We hebben altijd alles samen gedaan hè Nico. Ging jij het huis opknappen, stond ik ’s avonds ook alweer op de ladder.’

DiagnoazeOant dy aaklige dei, trije jier ferlyn. Klaske: ‘Nico krige in epileptyske oanfal. At je soks as sûne folwoeksene ynienen krije, is dat net in goed teken. Der waarden scans makke en sa sieten we by de arts, dy’t ús fertelde dat Nico twa tumoaren yn de harsens hie. Fyftjin moanne, dat hie in pasjint gemiddeld noch te libjen nei sa’n diagnoaze. Gjin behanneling, gjin medisi-nen. It ienichste wat de frou hiel nuchter sei, wie dat Nico in morfinepompke krije koe, om de pine draachlik te meitsjen. Dat is dochs ferskriklik! Hy mocht fuortendaliks net mear autoride, dus dêr giene we. Ik mei in waas fan triennen foar de eagen efter it stjoer, Nico hieltiid mar roppe oft it stop-ljocht op read as grien stie.’ En dan komt ynienen wer dat ûndogenske Suvel- skoalle-famke foarby. ‘Nico, weet je eigen-lijk nog wel dat ik zelfs de struiken hier heb platgereden? Hihi.’ Nico glimket en knikt yn syn wite ‘Steppen tegen Kanker’-shirt. Fan ’e wike sil hy mei syn frou en hûnder-ten oare minsken dy’t troffen binne troch de sykte foar de twadde kear nei de Alpe

d’Huez. Steppe tsjin harsenkanker, om jild yn te sammeljen foar ûndersyk. Want dat jild, dat is d’r net.Tusken dy tryste autorit fan it sikehûs nei hûs trije jier ferlyn en no nei dy hege berch sitte in protte emosjonele mominten en mentale klappen. Klaske: ‘Nei de diag- noaze ha we ússels in wike jûn om fertriet-lik te wêzen. Dat binne trije wiken wurden. Dêrnei binne we tegearre om ’e tafel gien om plannen te meitsjen. Gûle dogge we no nei achten, at de famkes op bêd lizze. Soms giet Nico sels nei boppen, at hy der mei oan is. Dan sit ik ûnder mei de bern ‘één twee hopla’ fleurich te dwaan, mar dan skuort it my troch alles hinne.’

ambysjes bystelleNico: ‘Vrienden en familie riepen weleens dat ik vijf levens had. Ik werkte keihard als manager, knapte met Klaske de huizen op waarin we woonden zodat we ze weer konden verkopen, studeerde voor advocaat, sportte gedisciplineerd en we zorgden samen voor onze twee dochtertjes. Energie te over had ik. En dan heb je ineens her-senkanker en moet je van alles inleveren. Eerst fietste ik tussen de middag van mijn werk naar huis en at onderweg mijn brood op, dan kon ik in mijn pauze twee uren slapen om daarna weer verder te werken. Mijn sociale leven liet ik voor wat het was,

Page 29: Heit en Mem 4 - 2010

29

want ik moet vaak veertien uur per dag slapen. Na een tijdje heb ik besloten eerst even rustig aan te doen om ook nog andere dingen in het leven mee te krijgen, maar dat is een behoorlijke klap voor je eigen-waarde. Je ambities bijstellen? Dat wil je niet als sterke jonge kerel. Nu wil ik vooral genieten van het mooie waar ik voorheen weleens aan voorbijging.’ Klaske laket wer. ‘Nu moet ik soms wel even grinniken als jij voor het raam staat en roept dat die bloemen zo mooi zijn. Dat heb je nog nooit gezegd, haha!’

HeitDochs is it ûnminsklik, witte dat je net jier-renlang heit wêze kinne. ‘Dat is inderdaad moeilijk. Dan roepen ze dat ze met je in de achtbaan willen als ze groot zijn.’ Klaske knikt. ‘Dan sjoch ik Nico fuortsjen en sizze we mar neat. De bern witte dat Nico siik is en we binne earlik oer alles, mar we hâlde de eangsten by ússels.’ Grutsk: ‘We besykje leuke dingen te dwaan en by ús meialles. Sels ha we beide net soargeleas bern wêze kinnen, dus foar ús is dat wichtich. Sliepe yn in tinte fan kartonnen doazen? Welja, hartstikke leuk toch? By heit en mem yn bêd krûpe ast net koese kinst? Kom mar hear. Us famkes moatte in feilich gefoel ha en opgroeie mei leafde. Se binne ek hiel leaf foar Nico. At hy wurch is en op

de bank yn sliep fallen is, lizze se in tek-kentsje oer him hinne en in knuffel derby. Se witte hiel goed dat se it alarmnûmer belje moatte at hy falt, mar oant no ta is it allegear goed gien.’ Nico: ‘Het belangrijk-ste dat ik ze kan meegeven is dat je elkaar moet helpen en dat alles mogelijk is.’ Dan is it efkes stil. ‘Ja, dat moeten ze van me onthouden.’

HelpIn grutter foarbyld as harren eigen heit en mem kinne de famkes fan Nico en Klaske net krije. De stúdzjekeamer leit fol mei folders. De deis nei de diagnoaze is Klaske sechstich oeren yn de wike oan it wurk gien mei in stifting, STOPhersentumoren.nl. ‘Ik belje mei professoaren oer de hiele wrâld, skriuw fûnsen oan, gean yn petear mei eltsenien om sjen te litten dat der alle jierren fyftjinhûndert minsken deageane oan dizze kanker.’ Nico: ‘Als mijn collega collecteert voor zeehondjes geeft iedereen geld. Maar als ik vraag of ze me willen sponsoren om onderzoek naar hersen- tumoren te betalen kijken ze me vreemd aan. Kanker is een vies woord, hersen- tumoren een ‘ver van je bed’-verhaal.’ Klaske knikt en pakt in folder fan it buro. ‘Alle minsken dy’t hjir op de foarside steane libje al net mear. Der moat toch wat gebeure?’ Nico knikt. ‘Voor mij is het te

laat. Maar al zullen we die andere patiën-ten twee procent hoop geven, dat leeft zoveel beter dan dat je maar een morfine-pomp krijgt en een cursus “omgaan met kanker”. Vechten en doorgaan, dat willen mensen. Er zijn nu al enkele grote onder-zoeken gestart door het werk van Klaske. Dat hadden we nooit durven denken!’

tusken hoop, frees en leafdeFansels binne Nico en Klaske bang foar wat d’r komt, at de tumor ek mar in sintimeter groeit is it mis. Klaske: ‘Hy kin noch in oare persoanlikheid krije, of hiel bot ôftakelje. Dat is eng. Ik sjoch it my bytiden oan at hy efkes wat net wit. Dan tink ik: no begjint it. Mar it giet noch goed en we binne byelkoar. Sjochst dat kessentsje op ’e grûn? Dêr sliept er oerdeis wolris, njonken myn buro. Dan binne we dochs byelkoar, hè Nico?’ Wer dyselde gerêststellende en o sa leafdefolle blik fan dy ynnimmende man. Like fereale as oait en yntins grutsk op syn ‘prinsessen’, sa at hy se neamt. ‘Laat men-sen alsjeblieft genieten van elkaar en van het leven. Als dit je overkomt kun je het leven nooit meer inhalen. Wij waren en we zijn daarom vreselijk gelukkig met elkaar.’

Wolle jo Nico en Klaske helpe mei harren striid foar ûndersyk? Sjoch dan asjeblyft op www.stophersentumoren.nl.

Page 30: Heit en Mem 4 - 2010

S P I N N E Nd e m o a i s te b i s te n d y ’ t d e r b i n n e !

1 9 n o v i m b e r 2 0 1 0 t / m 2 8 a u g u s t u s 2 0 1 1

BABY MARKT

Het BESTE voor uw kind vindt u in Blauwhuis!

Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

Zoekt u een babykamer, kinderwagen, auto-stoel, lakens, dekens, klamboe’s, ledikantje,

commode of een kast? Of misschien een kinderwagen, buggy of een kinderstoel?

Kom maar kijken voor een GROTE KEUS en voor een LAGE PRIJS!

Uit voorraad leverbaar en bezorgen doen we met plezier!

Open: dinsdag t/m zaterdag van 10.00 tot 17:00 uur

www.keunstenkids.nlBitgumerdyk 7A - 9041 CB Berlikum

Telefoon: 0518 - 461943

Openingstijden:Di t/m vrijdag 10.00 – 12.00 en 13.00 – 18.00 uurVrijdagavond koopavond 19.00 – 21.00 uurZaterdag 10.00 – 16.00 uur

U vindt ons schuin tegenover de bekende discotheken

Mim-Pi, Vingino, Vinrose, Name-it, Doerak, Lef,

Knot so Bad, Dutch Design Bakery, Kik-Kid, Petit Louie,

Motion Wear, Imps & Elfs

NIEUW voor dames: King Louie, Vingino & Mim-Pi

Keunst & Kids ook voor:*Kinderfeestjes *Workshops

*Vrijgezellenfeesten *Kinderkunst*Hippe stoffen, fournituren en verstelwerk

*Foto’s op doek *Sieraden *Kralen *Originele kado’s…

Vrijdagavond koopavond 19.00 – 21.00 uurVrijdagavond koopavond 19.00 – 21.00 uurVrijdagavond koopavond 19.00 – 21.00 uur

De nieuwste collecties zijn weer binnen…

BIJ KEUNST & KIDS!

Page 31: Heit en Mem 4 - 2010

31

warMe VoetjeS Ook de kleintjes willen natuurlijk warme voetjes. Deze guitige Bobux-slofjes zijn gemaakt van zeer soepel leer, dat op een ecologisch verantwoorde manier gelooid is. De zool is opgeruwd waardoor hij slijtvast is en ervoor zorgt dat uw kindje niet wegglijdt. En al helemaal leuk zijn de trommeltjes erop! Voor € 29,95 te bestellen bij www.kleinezebra.com

oM oan te KrûpenBist kâld? Doch dit skiepke dan 2 minuten yn de magnetron en krûp it hearlik oan, dan wurdst fansels waarm! Hy rûkt ek nochris lekker nei lavindel! Foar € 19,95 te bestellen by www.relaxsol.be

WinteRWaaRMte

IK BIn In prInSeS! Mei dizze badjas bist krekt in prinses! Der sit sels in supersêfte kroan fan badstof by. Hy is yn ferskate maten te krijen en foar de jonges is hy der yn in pirate-útfiering! Foar € 49,- te keap by www.debabykraam.nl

eKStra laaCHje Mei dizze sprei op dyn bêd fynst it hielendal net slim as it sa kâld is datst in ekstra laachje nedich hast. De sprei is fan it merk PiP en foar € 99,95 te bestellen fia www.kunstzinnigkadootje.nl

oplaaDBare KruIKDe KooZzzi oplaadbare kruik is een veilig alternatief voor de klassieke heetwaterfles. Gemaakt om de lichaamstemperatuur van baby’s op niveau te houden, maar ook heel geschikt voor volwassenen om je voeten warm te houden. De KooZzzi kruik werkt met een kera-misch materiaal dat elektrisch wordt verwarmd. Na 7 minuten is de kruik opgeladen en daarna geeft de KooZzzi kruik tot 9 uur warmte af. Verkrijgbaar met verschillende hoezen! Prijs: € 49,95 www.koozzzi.nl

Page 32: Heit en Mem 4 - 2010

LeauweUs belle docht it net, mar dat jout neat, de minsken klopje wol even tsjin it rút. En fan ’t simmer stie de foardoar ek faak iepen. Op in sneontemoarn hearde ik sadwaande in freonlike manljusstimme roppen: ‘De belle docht it net!’ Ik derhinne, de bern achter my oan. Dêr stie in lyts griis mantsje mei in strik foar en achter him in grutte frou yn in giele blûze mei in donkere knoet op ’e holle.‘De belle docht it net’, sei er nochris en ik lei út dat de doar iepenstie omdat myn

man deroan kaam mei de boadskippen. ‘O dat is moai, dat it sa kin!’ lake it mantsje. Hy die in stapke achterút foar M., dy’t himsels tusken ús troch wrotte mei bôle, in grutte tas en in bosk woartels, al mompeljend: ‘Ik ben de man niet hoor, ik ben de minnaar.’ Dêr koene se alwer om laitsje.‘Wat is it moai waar net?’ begûn de man op ’e nij. Ik frege doe dochs mar nei syn boadskip. ‘Us boadskip is dat wy graach ris mei jo prate wolle oer it paradys. It paradys dêr’t de Bibel oer fertelt. In wrâld sûnder oarloch, ja dat is amper foar te stellen no?’ De frou sei neat mar gniisde wat.Achter stie ek in doar iepen. Dat fielde ik en ik rûkte it, der waaide in geur fan klean-fan-souder en kaamfer oer my hinne. Doe’t de man klear wie sei ik freonlik: ‘Dankewol foar jo ferhaal, mar wy leauwe der net yn. Goeiemoarn fierder hear!’ En ik die no dochs dy doar mar ris ticht. De bern stiene mei grutte eagen te sjen. Ik besocht alfêst in antwurd te betinken op de fraach dy’t wis komme soe: wêrom’t ‘wy’ net yn God leauwe. En yn Sinteklaas ek al net, sûnt ferline wike. Op in jûn,

ik wit it noch goed, wy ieten woartels, ierpels en in gehakbal, begûn ús jongste soan Sinteklaas ‘de kindervriend’ te fergelykjen mei Michael Jackson. Dus doe fûnen wy it tiid om ek him it geheim te fertellen. Us dochter late it ferhaal knap yn, mei dat it eins net te leauwen is dat der in keardel op in hynder oer de dakken rint. ‘En waar moeten die cadeautjes dan in? Wij hebben niet eens een schoorsteen!’ En ús soan bekende dat er nachts wolris stikem nei ûnderen gong, as se de skuon sette mochten, yn de hoop dat er Swarte Pyt dan tsjinkaam yn de keamer. M. rette him oan om yn dat gefal 112 te beljen. Doe moast it hege wurd oer Sinteklaas der dan dochs út. M. sei plechtich: ‘Hij bestaat niet.’Mar de soan frege, mei deselde blik as it grize mantsje mei de strik: ‘Hoe wéten jullie dat?’In kwestje fan leauwe dus. En om no te sizzen dat Hans ûnder de yndruk wie, of dat er him belazere fielde troch it jierrenlange bedroch fan syn âlders, nee. Nei in koarte oertinking sei er: ‘Papa, gaan we na het eten een potje toepen?’

karen Bies, troud mei Maarten, mem fan Pim (15), Fieke (9) en Hans (7)

32

Page 33: Heit en Mem 4 - 2010

33

bern

Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân.Doe moast er wol rinne, mei de fyts oan ’e hân.Hy kaam yn ’e buorren, en sei tsjin de smid:Ik leau dat der yn myn achterbân in spikergatsje sit.

De smid moast wol laitsje mar plakte de bân.Doe koe Pyt wer fytse troch it hiele Fryske lân.Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn oer it dakbrocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.

oM te Sjongen!

knuffel kWijt?

Deze bijzondere dekbedovertrekken hebben dubbele kleuren en dus kun je ze aan twee kanten gebruiken. Bovendien kun je er je eigen naam of een stoere applicatie op laten zetten! Ze zijn in verschillende kleuren vanaf € 35,95 te bestellen bij www.kidzincolor.com.

dekBed Met naaM

Wêrom soenen de bern net in lekkere stoel op berneformaat ha meie om hearlik yn ûnderút te hingjen? By www.onlybaby.nl kinst sokke fauteuils yn ferskate kleuren bestelle. € 55,-

lekkeR ûndeRút

De muzyk lûd oan en lekker dûnsje troch de keamer op de fleurige Fryske berneferskes fan dizze leuke cd’s! De ferskes binne fan Geartsje Douma en Hindrik van der Meer. De cd’s kostje € 16,90 en binne û.o. te bestellen fia www.afuk.nl

deuntSjeS foaR dy

Ze worden achteloos uit de kinderwagen gekieperd, aan een bijna versleten armpje uit het autoraam gehangen, of tijdelijk onderin de paraplubak geparkeerd. Maar is je kind zijn of haar knuffel kwijt? Dan is er paniek in de tent! Via www.knuffelkwijtsijt.nl kun je een oproepje doen, om de verloren knuffel weer terug te vinden. Nog handiger is het om een reserveknuffel aan te schaffen!

Page 34: Heit en Mem 4 - 2010

34

De bso yn Bûtenpost is unyk. De skoalbern wurde nammentlik opfongen yn in âldereintehûs. Tusken de bewenners fan it Haersmahiem ha de bern in eigen hús- en tagelyk ytkeamer, in boartersromte en in grut gersfjild ta harren beskikking. Stichting Amarins Kindercentra, in organisaasje foar berne-opfang en fimelwurk, biedt sûnt 1 jannewaris 2009 âlders út Bûtenpost en omkriten de mooglikheid om harren bern tusken en nei skoaltiid yn it soarchsintrum oan ’e Eringaleane yn Bûtenpost opfange te litten. Yn dizze bso, dy’t ticht by de skoallen stiet, kinne tweintich bern tagelyk terjochte. Mar dat is net de wichtichste reden foar in berne-opfang yn dit âldereintehûs. Afke Kamminga, direktrise fan it Haersmahiem, kaam in pear jier lyn mei it idee en mailde dat nei Stichting Amarins Kindercentra. Doe’t Reina Langhout,

koördinator fan ’e bso by dy stifting, fan dat idee hearde, wie se fuortendaliks entûsjast. ‘Bewenners feriensumje faak at se yn in soarchsintrum sitte en troch bern krûpe se út harren skulp. Foar bern is it kontakt ek goed. Om’t sommige bern gjin pake en beppe mear ha, mar ek om ’e ynteraksje tusken jong en âld’, fertelt Reina.

Ha pake!Sa ûntsteane faak leuke, losse praatsjes at de bern middeis op ’e bso iten ha en wer nei skoalle sille en dan op ’e gong bewenners tsjinkomme dy’t ek krekt by it middeisiten wei komme. ‘Ha pake!’, ‘Ha jonge, moatst wer nei skoalle?’ of ‘Binne jim der ek alwer?’. ‘Bern sjogge no dat je as je âld binne en beheiningen krije, net efter de doar sitten bliuwe hoege’, fertelt Carolien Teitsma, dy’t as liedster op dizze bso wurket.

Jelmer, Esther, Sita, Annika en Diederik, dy’t op ’e foto mei frou Speulman (79) en frou Orchudessch (90) oan it sjoelen binne, sizze it leuk te finen dat se op dizze bso yn in âldereintehûs sitte. Se fertelle dat se fan ’t simmer tagelyk mei de bewenners nei it WK-fuotbal seagen en dat de vuvuzela’s fan Carolien net mei mochten, om’t dat te drok foar de âlde minsken wêze soe. ‘Mar in pear beppes, mei oranje huodden op en oranje slingers om, hiene se wol mei en wiene sels de hiele tiid lûd oan it toeterjen’, laket Jelmer.

wrâld nei binnenIn bso ûnderbringe yn in soarchsintrum hat in dúdlike mearwearde, fynt ek Iekje van der Meer, aktiviteitebegeliedster yn it Haersmahiem. ‘Je nimme de wrâld fan bûten mei nei binnen en yntegrearje dy yn it normale libben fan de bewenners. Fansels komt iensumheid hjir by de

Page 35: Heit en Mem 4 - 2010

yn âlderein tehûs

opfang skoalbern

âlderein noch wol foar. Se ha bygelyks harren frou, man of soms bern ferlern, of ha nea troud west. Mar dat se deis de bern fan skoalle hjir binnen kommen sjogge en se boartsjen sjogge, fleuret it libben wat op.’

Dêr is frou Speulman it hielendal mei iens. ‘Jong en oud hebben elkaar nodig. Je wordt zo oud van alleen maar oudere mensen om je heen.’ Ek frou Orchudessch seit dat se genietet fan ’e bern om har hinne. ‘Ik ben altijd onderwijzeres geweest en was altijd al onder de kinderen. Alleen ben ik er nu niet meer verantwoordelijk voor. Kinderen zijn ook altijd graag bij hun grootouders omdat die ze lekker verwennen. En dat doen wij hier ook.’ Mar de skoalbern binne ek leaf foar de âlderen. Sa meitsje se op ’e berne-opfang jierdeikaarten foar de bewenners. En foar

nije bewenners stiet in troch de bern makke wolkomstkuorke klear.

SpultsjemiddeiYn it Haersmahiem wurde fierder mienskiplike aktiviteiten foar jong en âld organisearre, fertelt de aktiviteitebegeliedster. ‘We besykje ien kear yn ’e moanne in spultsjemiddei te hâlden. Faker net, want bern en bewenners ha wol struktuer nedich. Dêrneist fiere we mei syn allen Sinteklaas, wurde bern foarlêzen troch in foarlêsbeppe en ite we sa no en dan waarm mei de bso-bern, harren âlders en de bewenners. ‘In moarnsbrochje ha we ek wolris dien mar dat wie net praktysk, om’t de heiten en memmen eins nei ’t wurk moasten.’

By al dy aktiviteiten jildt neffens Carolien dat alles mei en neat moat. ‘As in bern of

bewenner net wol, hâldt it op.’Doe’t de opfang fan skoalbern noch net sa lang yn it soarchsintrum wie, libben de bern en bewenners foaral neist elkoar. ‘No sjochst dat se hieltyd mear yntegrearje. We binne no yn it stadium dat bern en âlderen fan elkoar witte wat wol en wat net kin’, seit Reina.

regelsCarolien hat wat dat oangiet mei de bern dúdlike regels ôfpraten: net op ’e gong omraze, net beltsjedrukke by de bewenners, net mei de lift boartsje of op ’e gong hurddrave. ‘Dêrneist ha we as regel dat de bern altyd groetsje as se ien tsjinkomme en dat se ek alle minsken dy’t op ’e bso komme, begroetsje. It earste kontakt is wichtich en sa leare je de bern ek fatsoensnoarmen oan’, ljochtet se ta.

Ingeborg Hoogsteen

35

Page 36: Heit en Mem 4 - 2010

Ook adverteren? Neem dan contact op met Breuker TeleMarketing & Meer: 0515-412111 - [email protected]

Op je bordje.nl

Uniek handbeschilderd servieswerk

Afûk Fryske boek- en taalwinkel

Bûterhoeke 3 (by de Aldehou) yn LjouwertAlles oer it Frysk: boeken, kaarten,

kursussen, sûvenirs, in grut assortimint Fryske kreamkadootsjes, ensfh.én 24 oeren deis winkelje op www.afuk.nlTel. 058 2343070

.nlwww.

Page 37: Heit en Mem 4 - 2010

37

berneboeken

in prima ballerina

Daniëlle Mink is krekt 3 jier wurden en sy fynt de prima ballerina út it printeboek In ECHT famke fan Guido van Genechten it aldermoaiste. Sels hat sy ek sa’n moaie rôze ballerinajurk wêryn’t sy as in lyts elfke swierich troch de keamer en de tún dûnset.

Daniëlle wennet mei mem Sonja, heit Michiel en suske Evelien fan 5 yn Skarsterbrêge. Sonja fertelt: ‘Daniëlle en Evelien fine dit beide in prachtich boekje. Fuortendalik doe’t wy it yn ’e hús krigen moast it lêzen wurde. Omdat der mar in bytsje tekst by stiet noeget it út om der fierder oer te praten. Wat docht in knappe sjirurge? Wêr wurket sy en wat hat sy om de hals? Evelien fan 5 kin sels al fertelle wat sy sjocht en wat sy bgl. wit oer de echte astronaute. ‘WOESJ, dan giest yn in raket troch de loft. Om de aarde hinne’, leit Evelien oan har suske út. ‘Wy lêze hjir graach in soad mei de bern. Der binne ek sa’n protte leuke boeken foar de bern te finen. Op ’e Jouwer binne wy lid fan de biblioteek en boppe stiet ek noch in boekekast dêr’t de bern sels in boek út sykje meie foar’t sy sliepen geane. Earst lêst mem in ferhaaltsje foar en dan komt heit èk noch mei in boekje. Favoryt binne no de boekjes fan Nijntje en Jan en Noortje.’ ‘Mar no is dizze it moaist’, seit Daniëlle en sy wiist noch mar ris nei de prima ballerina yn it rôze rokje.

‘In echt famke’ giet oer in famke dat fan alles wêze kin (in astronaute of in plysjefrou, in hekse of in sjirurge, in yndianefrou of in prinsesse...) mar no is sy in echt famke. In boek foar echte, stoere, leave, knappe famkes fan 3 jier ôf.

In eCHt famkeGuIDo Van GeneCHtenPriis: € 11,95

Van mug tot olifantInGrID SCHuBert, uItGeVerIj leMnISCaatVerrassend mooi prentenboek met een doorlopend verhaal waarin over alle mogelijke dieren verteld wordt: hoe som-mige uit allemaal verschillende eieren komen, waar ze in hun element zijn, hoe ze zich beschermen, waar ze slapen, dat ze doodgaan en weer opgeruimd worden. Dat alles is te zien op de grote, natuurgetrouwe, maar ook met humor ge-tekende prenten, die je steeds weer opnieuw kunt bekijken.

€ 12,95

1+

Ik zou wel een kindje lustenSylVIane DonnIo, GottMer uItGeVerS GroepDe kleine krokodil vindt bananen best lekker, maar eigenlijk zou hij ook wel eens een kindje lusten. Op een dag ziet hij een meisje en waagt hij een poging... Een dolkomisch verhaal met fijne droge humor die iedereen, jong en oud, zal waarderen.

€ 11,95

4+

jezus wurdt berneMarIjKe ten Cate, aFûKDe keizer fan Israël wol dat elkenien him ynskriuwt yn syn bertedoarp. Joazef en Maria – dy’t in berntsje ferwachtet – geane dêrom op reis nei Betlehem. Dêr kinne se gjin ûnderdak fine, mar gelokkich krije se plak yn in stâl. Wurdt dêr de Ke-ning berne dy’t God beloofd hat? In animaasje fan it ferhaal stiet op de ynsletten dvd. In prachtich krystkadootsje.

€ 7,95

2+Jezus wurdt berne

meiFERGEESdvd

Bernebibelboekje

De BernebibelMarIjKe ten Cate, aFûKYn de bernebibel steane 25 bibelferhalen út it Alde en it Nije Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde ienfâldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern rjochte taal. Mei de waarme en kleurrike yllustraasjes fan Marijke ten Cate fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus weromkomme sil.

€ 32,50

2+BernebibelMarijke ten Cate

De oerwinnings fan tido HoutsmatHyS waDMan, aFûKBern wêze, dat liket sa leuk en sa maklik, mar it falt faak wier net ta. Der is altyd wol wat en Tido hat it der bytiden mar dreech mei. Want de dingen rinne by him gauris hiel oars as dat er earst tocht hie. Op skoalle, mei de bern út ‘e klas, of thús, mei syn heit en mem. Of op strjitte, mei syn freonen of as er nei muzykles moat. Meastentiids kin Tido der sels ek neat oan dwaan dat it allegearre oars rint. ‘As ik it net dwaan kin sa’t it moat, dan doch ik it dochs mar,’ seit er dan. En soms slagget dat! Dan is it in oerwinning. Mar ek as it hielendal misrint, dan kinst dat dochs noch wol in oerwinning neame. Ast wolst. Fynt Tido.

€ 14,95

10+

Page 38: Heit en Mem 4 - 2010

38

negeLreVEen beetje verlegen is niet erg. Thuis voel je je ‘thuis’ en op je gemak, bij je moeder en vader vind je als kind bescherming. Daar kun je zeggen en doen wat in je opkomt: je vader en moeder houden toch van je, wat er ook gebeurt. Maar daarbuiten is het afwachten en lang niet iedereen in de grote wereld is lief en aardig. Een dokter in het ziekenhuis is nog veel enger, want je gaat nooit naar een dokter toe als het goed met je gaat, er is altijd iets aan de hand. Dokters doen ook nooit leuke dingen, ze onderzoeken je, vaak prikken ze en dat is allemaal niet leuk. Dat kinderen dus verlegen zijn en zich niet op hun gemak voelen bij een dokter is goed voorstelbaar.

Verlegen kinderen zeggen niets in de klas. Als de juf of meester iets vraagt, al

is het heel simpel en weet het kind het antwoord heel goed, het zal de vinger niet opsteken, want dan moet het in de klas iets hardop zeggen. Bij de gedachte alleen al breekt het zweet je uit, gaat je hart bonzen en weet je dat je gaat

stotteren. Ieder kind kijkt naar je en als je iets doms zegt, of je spreekt iets verkeerd uit, dan weet iedereen het en lachen ze je

uit. Als je pech hebt, maakt de juf er ook nog een grapje over, natuurlijk bedoeld om jou te helpen, maar het maakt het alleen maar erger. Dus steek je je vinger niet op, je hoort hoe een ander kind het verkeerde antwoord geeft en je merkt dat niemand dat erg vindt. Maar dat vergeet je.

Verlegen kinderen staan altijd achteraan als er iets leuks gebeurt. Vooraf hebben ze er net zoveel zin in als elk kind en willen ze net zo graag in het middelpunt staan. Maar als het zover is verschuilen ze zich en duiken weg. Je ziet het als Sinterklaas in een klas komt: verlegen kinderen staan achteraan. Een goede Sinterklaas let daarop en gaat naar die kinderen toe, knielt bij ze neer, zegt iets aardigs en vraagt niets.

Tjalling de Vries

Verlegen kinderen kruipen stijf tegen moeders benen als ik ze roep om mee te komen. Geen oogcontact, duim in de mond, het hoofd gebogen. De moeders kijken vaak wat opgelaten, alsof ze willen zeggen: ik kan er ook niets aan doen dat mijn kind zo verlegen is. Sommigen pakken hun kind op de arm en dragen het mee de spreekkamer in. Anderen proberen, meestal tevergeefs, op het kind in te praten om het zo verder te krijgen. Er zijn ouders die de hand van het kind pakken en me die toesteken. Die kinderen buigen het hoofd nog meer, duwen de duim dieper in de mond en knijpen de ogen stijver dicht.

Verlegen kinderen staan altijd achteraan als er iets leuks gebeurt.

Page 39: Heit en Mem 4 - 2010

39

Verlegen volwassenen zeggen ook niets in een groep. Ze denken dat als ze iets zeggen hun woorden op een schaaltje

gewogen worden en dat iedereen het gaat hebben over de woordkeus, de inhoud van de woorden, de uitspraak, toonhoogte en vastheid van stem. Verlegen volwassenen zijn erg met zichzelf bezig en luisteren daardoor niet naar waar het over gaat. Als ze dan iets moeten zeggen zijn ze de kluts kwijt en geven een redelijk, maar voor hun eigen gevoel niet goed genoeg antwoord en

denken daarna: zie je wel, ik kan het niet. Voor hen zijn voorstelrondjes vreselijk: hoe heet je en waar woon je? Naarmate de beurt dichterbij komt gaat het hart harder bonzen en wordt de keel droger. Hoe worden kinderen verlegen? Deels komt het van de ouders. Als vader of moeder verlegen is, is de kans dat jij het wordt groter. Of dat nu komt door erfelijke aanleg of door het voorbeeld van je ouders maakt niet uit. Als je eenmaal verlegen bent en je krijgt geen hulp, dan wordt het alleen maar erger. Het zou wel eens zo kunnen zijn dat verlegen zijn ook een gevolg is van alleen met zichzelf bezig zijn en een gebrek aan zelfvertrouwen. Daar ligt misschien ook de sleutel om ervoor te zorgen dat kinderen niet verlegen worden. Leer kinderen zich bezig te houden met het

onderwerp en niet met zichzelf. Stimuleer hen te doen waar ze goed in zijn. Dwing ze niet in situaties die ze te spannend vinden maar steun ze en ga als het kan mee. Leer

ze dat anderen heus niet op alles letten. Wees niet te kritisch op je kind. Laat het maar eens fouten maken of iets stoms doen. Vertel je kind keer op keer dat het de moeite waard is en laat vaak merken dat je van je kind houdt.

Leer kinderen zich bezig te houden met het onderwerp en niet met zichzelf.

Laat vaak merken dat je van je kind houdt.

Page 40: Heit en Mem 4 - 2010

tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

SnOTneuSSaskia, een meisje van bijna 3, duwt zich stijf tegen moeder aan als ik haar roep. Ze kijkt me niet aan, duwt haar duim in de mond en houdt het hoofd gebogen. Haar moeder kijkt me wat opgelaten aan: ik kan er ook niets aan doen dat Saskia zo is. Ze pakt Saskia op en draagt haar de spreekkamer in. Saskia klemt zich aan moeder vast als ik haar vraag hoe ze heet en hoe het met haar gaat. Ze reageert niet. ‘Doe niet zo verlegen, Sas’, zegt haar moeder, maar dat helpt niet.‘Handig dat je je moeder meegenomen hebt, Saskia,’ zeg ik, ‘dan kan zij vertellen wat er aan de hand is’ Geen reactie.‘Vertelt u maar wat er aan de hand is’, vraag ik moeder.Saskia is altijd ziek en heeft heel vaak een snotneus. Er hoeft maar een kind verkouden of ziek te zijn, of zij heeft het ook. Dan hoest en snottert ze, soms wel drie weken lang. Meestal is ze daarna een week goed, maar dan begint het weer. Ze krijgt regelmatig antibiotica, maar die helpen soms pas na 4 dagen en soms helemaal niet. Saskia groeit en ontwikkelt zich goed en gaat 3 dagen per week naar de crèche; ze heeft twee oudere broertjes die naar de basisschool gaan.Ik onderzoek Saskia op moeders schoot. Ze kruipt helemaal tegen moeder aan. Eerst leg ik de stethoscoop op de arm van moeder, dan op de knie van Saskia en dan op de borst. Daarna onderzoek ik de buik. Eerst bekijk ik de navel en prijs haar dat die precies in het midden zit. Dan voorzichtig mijn hand op haar been, haar zij en dan op de buik. In de oren kijken: ik laat Saskia kiezen welk oor het eerst en ik fluit als de kijker de gehoorgang ingaat: ‘Hé, zie ik een vogeltje?’ Dan het andere oor. Tot slot de keel: ‘Saskia, ik wil even heel goed zien hoe lang die tong is, steek ’m eens zo ver als je kunt uit.’Ze kijkt haar moeder aan met een blik in haar ogen van: die man is gek. ‘Toe maar’, zegt moeder en Saskia steekt haar tong heel ver uit, zodat ik de keelamandelen prima kan beoordelen.

Ik denk dat Saskia gezond is en leg uit dat ik denk dat ze veel virusinfecties doormaakt. Die komen van de crèche en de broertjes. Voor een onderliggende of akelige ziekte zijn geen aanwijzingen. De afweer van Saskia is stevig aan het oefenen. Dat is vervelend maar niet erg. Als ze ouder wordt gaat het vanzelf over. Moeder is gerustgesteld en staat op. Saskia krijgt een kleurplaat en ik krijg een hand, met een heel klein voorzichtig lachje.

40

Page 41: Heit en Mem 4 - 2010

41

No alfêst bestelle foar takom jier: in boupakket om mei te dwaan oan de wedstriidklasse Frysk Kampioenskip Klompkesilen, offisjeel erkend troch it Watersportverbond. Mei strikte easken en regels. Wolst mear eftergrûnynformaasje oer dit prototype, rin dan ris it Fries Scheepvaart Museum yn Snits binnen. Mei nijsgjirrige ynformaasje oer it skûtsjesilen, de fiskerij, en fansels de klomp! In leuk kadootsje foar by in moai gedicht? Te bestellen fia [email protected]

nijjieRSplonS

Wampex stiet foar Weekend AMPhibische EXpeditie. In nachtlike tocht fan sa’n 40 kilometer foar echte bikkels, wêrby’t ûnderweis ferskate hindernissen mei wetter- en survival-eleminten – lykas in pols, kabelbaan, palletbrêge en al sa mear – nommen wurde moatte. Hast humor, lef, in bûslampe en gjin hichtefrees? Hâld dan 19 novimber frij en reizgje ôf nei Smellingerlân. Sjoch op www.dewampex.nl foar mear ynfo.

heit

de WaMpex, net foaR SueRtSjeS

Sjochst ek mei in swym fan jaloerskens nei al dy minsken dy’t op 1 jannewaris it wetter yn drave? Of bist bliid datsto by it houtkacheltsje sitst? Om mei te dwaan, oan te moedigjen of foar in komke snert: kinst op www.nieuwjaarsduik.info sjen wêr’t yn Fryslân in nijjiersplons holden wurdt.

offiSjele ienheidSklaSSe fRySke kloMp

thoMaSluiden

Katlijk en Oudehorne hebben een grote traditie in het St. Thomasluiden. Tussen kerstmis en nieuwjaar luiden jonge mannen de klokken met de z.g. ‘vierkante slag’. De kleine klok slaat daarbij in harmonie tussen de slagen van de grote klok. Oorspronkelijk ging het luiden dag en nacht door, met de bedoeling om de lucht te zuiveren van boze geesten. Kom luisteren tussen 7 uur ’s ochtends en 10 uur ’s avonds! Meer over (Friese) volksgebruiken op www.volkscultuur.nl

Hoewol’t de measte westerske manlju tsjintwurdich sûnder burd troch ’t libben geane, is in burd yn de measte kultueren in segen; it symboal fan wiisheid. De Noar Hans Langseth wie rekôrhâlder mei syn burd fan 5,33 meter. Vivian Wheeler út Amearika hat it langste froulike burd: 28 sintimeter lang! Skeare!

it BuRd fan SinteklaaS

Page 42: Heit en Mem 4 - 2010

 

                                                  DE STEIGERAAR,  ook voor al uw eiken meubelen en vloeren 

                                                                         www.desteigeraar.nl 

Page 43: Heit en Mem 4 - 2010

43

‘ Zorg allereerSt goeD voor jeZelF’Adviezen aan jonge ouders met slaapgebrek

Amanda de Vries

De huidige maatschappij is veeleisend. Jonge ouders werken vaak allebei. Met de komst van een kindje verandert er veel in hun leven. Gemiddeld de helft van alle baby’s heeft in- en doorslaapproblemen en dat heeft zijn weerslag op de ouders. ‘Ouders proberen zelf eerst van alles om hun baby in slaap te krijgen. Ze wiegen ze, leggen ze aan de borst of nemen ze zelfs mee in hun eigen bed. Maar een kind moet leren om op eigen kracht in het eigen bedje in slaap te komen’, aldus Irene. ‘Rust en regelmaat geven duidelijkheid en zijn dus zeer belangrijk! Voor het kind en de ouders.’

Als de ouders zich na een paar weken van

weinig slaap bij Irene melden, zijn ze vaak doodop. ‘Eerst accepteren ze de gebroken nachten wel. Maar het houdt een keer op. Soms zijn ze al bij hun huisarts geweest, die hen de nodige adviezen heeft gegeven.’

Beide ouders hebben last van het slaapgebrek. De meeste vaders moeten ’s ochtends weer vroeg naar hun werk en kunnen overdag niet even gaan liggen. Moeders draaien helemaal overuren. Als ze een moeilijke zwangerschap en ook nog eens een zware bevalling achter de rug hebben, zijn de reserves op. Tel daarbij op het voeden, het verschonen en het huishouden en je krijgt oververmoeide moeders.

Welke adviezen geeft Irene zoal? ‘Zorg in de eerste plaats goed voor jezelf! Als je zelf vermoeid bent, slaat dat over op de baby. Bouw tijd in voor jezelf en voor je relatie. Je bent nu papa en mama, maar ook nog steeds geliefden. Denk aan een oppas, ga eropuit. Zorg voor voldoende steun en neem de tijd om aan de nieuwe situatie te wennen. Wees realistisch in de verwachtingen die je hebt van je kind en jezelf.’ Een week na het bezoek aan het consultatiebureau belt Irene de ouders terug. Als er verbetering is opgetreden, rondt Irene het telefonisch af. Is dit niet het geval, dan volgt een pedagogisch huisbezoek. ‘Zo’n gesprek in de thuisomgeving vinden de meeste ouders fijn. We bespreken de slaapplek van het kindje. Hebben de ouders vaste rituelen? Hoe is het voedingspatroon?’

‘Ouders kunnen veel leren door goed naar hun kind te kijken. Een baby is als een open boek. Natuurlijk zijn er algemene richtlijnen, en die zijn ook belangrijk, maar geen kind is gelijk!’

Irene Zijlstra is verpleegkundige bij de GGD Fryslân Jeugdgezondheidszorg. Zij werkt op het consultatiebureau in Bolsward. Hier komen ouders met kinderen van 0-4 jaar. Geregeld ziet ze jonge ouders die na de komst van hun (eerste) kindje kampen met slaapgebrek. ‘Moeders zijn vaak de spil in huis. Als ze zichzelf te weinig rust gunnen, gaat het mis.’

Page 44: Heit en Mem 4 - 2010

44

Mirjam van Houten

‘Filosofearje is eins in djoere term foar mei-inoar yn petear gean’, fertelt Elly Runia. Elly ferdjippe har yn dy metoade en kaam ta de konklúzje: eins diene wy dat altyd al op ús skoalle. By it Jenaplanûnderwiis wurde bern útdage om alles út harrensels te heljen. Bern stimulearje, de romte jaan en sels ûntdekke litte, dat heart by de Jenaplan-fisy. Filosofearje mei bern past hiel goed yn dy ideeëwrâld. ‘Filosofearje is

neat oars as bern stimulearje om harren gedachten te ferwurdzjen.’

Prate mei bern. Dat liket foar de hân te lizzen, dochs is ècht prate mei bern eat dat net faak bart. Elly: ‘Guon saakkundigen beweare dat de taalûntwikkeling fan bern net sa bêst is trochdat de âlders faak yn kommandotaal tsjin harren bern prate: “Kom hjir. Gean sitten. Yt

op.” Alders geane somtiden hiel simpel om mei bern: “Kom, wy sille no dit en dat dwaan.” Se stelle de bern dêrmei foar in útmakke saak. Fansels komt dat ek omdat âlders it faak drok hawwe, of trochdat de thússituaasje der net op ynsteld is.’ Mar ek op guon skoallen binne de bern wend om stil te sitten en de lesstof passyf te konsumearjen. Dat is hiel begryplik want skoallen moatte hjoed-de-dei in protte. De ynspeksje komt del en oan de ein fan it jier moat it learboekje út wêze. Skoallen steane ûnder hege druk. Boppedat binne de klassen faak grut en net selden ha je te krijen mei bern dy’t adhd of pdd-nos hawwe. Prate, filosofearje, is foar my de manier om in bân op te bouwen mei bern. Ut dy fertrouwensrelaasje wei giet it learproses folle better. Ek foar bern mei adhd en pdd-nos wurket it goed. Dy bern hawwe faak in stimpel en troch ien op ien mei harren yn petear te gean groeie se, krije se selsfertrouwen.’

Wêrom is prate mei bern dan sa goed? Hoe kin filosofy de taalûntwikkeling stimulearje? Elly: ‘Troch te praten mei bern

Bern wurde tûker troch filosofearjen

Filosofearje mei bern; ûndersyk yn Skotlân hat útkomme litten dat bern dêr yntelliginter troch wurde en dat it harren taalûntwikkeling stimulearret. Elly Runia is learkrêft oan de Jenaplanskoalle ‘Mids de Marren’ yn ’e Gaastmar; ien fan de pear skoallen yn Nederlân dêr’t ek mei bern filosofearre wurdt yn ’e klasse.

Page 45: Heit en Mem 4 - 2010

45

leare se harren gedachten om te setten yn wurden. Se wurde stimulearre om te fertellen wat se fine, wat se dreamd hawwe, wat se hiel graach wolle, wêr’t se bang foar binne, dàt soarget

foar taalûntwikkeling, mar ek foar tinkûntwikkeling. Troch mei syn twaen te praten, of mei syn allen, fergrutsje se harren wurdskat, want oaren brûke wurden dy’t se miskien noch net kenne. Ek it selsfertrouwen groeit, want by lûdop tinken kinst gjin fouten meitsje!’Filosofearjen hoecht hielendal net dreech te wêzen of in soad tiid te kostjen. ‘Filosofearje is in kwestje fan praktyk, net fan teory. It giet eins fansels. Yn spulsituaasjes kinst bygelyks hiel goed mei bern prate. Ek âlders thús kinne dat

dwaan. Gean derby sitten at in bern oan it boartsjen is. Trochfreegje op wat in bern seit is dan in goede metoade om mei in bern yn petear te kommen: Wat bist oan it dwaan? Fynst it leuk? Is it dreech? Moat

ik dy helpe of kinst it sels? Sa kinst ien-op-ien petearen yntegrearje yn allerhanne situaasjes.’

Op ‘Mids de Marren’ prate bern ek in soad mei-inoar yn kringpetearen. Elly: ‘Dan hawwe wy it bygelyks oer fragen as: wat is no ferjitte? Wat is in geheim?’ Folwoeksenen hawwe faak de oanstriid om sels it antwurd al te jaan. Mar somtiden is it antwurd net wichtich. By filosofearjen is der net ien goed antwurd; it praten oer mooglike antwurden, dat is it ynteressante

oan filosofy, net it antwurd sels. Elly: ‘Bern wurde stimulearre om mooglikheden te ferkennen. Der binne allerhanne moaie sydpaadsjes njonken de bewende paden. Read is net altyd read en grien is net altyd grien. Dat is wat wy de bern meijaan wolle.’‘Yn alle artikels dy’t ik oer filosofy lêzen haw, giet it oer filosofearjen mei bern fan in jier as sân ôf, mar ik tink datst jùst ek mei jongere bern hiel goed prate kinst. Lytse bern kinne harren tinkbylden noch hiel spontaan ferwurdzje. Wurde se âlder dan tinke se al gau fan oe, dat kin ik net sizze, want dat is stom. Ast der letter mei begjinst, dan is it dreger, dan binne se dy ûnbefongenheid kwyt. Lêsten hie ik in jonkje yn ’e klasse dy’t hiel spontaan sei: “Juf, ik fyn it libben sa moai!”. Fansels hie ik sizze kind: ja jong, dat is ek sa, mar romje no it boartersguod mar op. Mar ik frege derop troch: “Wat fynst dan allegearre sa moai? Wêrom fynst it sa moai?” Doe prate er oer de sinne en in flinterke dat foarby fleach en syn lytse suske dêr’t er sa wiis mei wie. Dy jonge wie efkes supergelokkich en dat wie in prachtmomint dat wy tegearre dielden.’

Lytse bern kinne harren tinkbylden noch hiel spontaan ferwurdzje, mar as se âlder wurde dan tinke se al gau fan oe, dat kin ik net sizze, want dat is stom.

Page 46: Heit en Mem 4 - 2010

Christine Magour

De haDDe warkeLikhieD Van ieSIk bin een wintermeens. Ik wor waarm van koolde. Mar mit een heit mit Noord-Afrikaanse wottels was et nog mar ofwaachten as ik bi’j oons thuus niet allienig zol kommen te staon. Gelokkig liekt et gen veur ‘wintermeens’ dominant, want alle drie de kiender staon veuran as et om winterwille gaot. Heur eerste de beste èchte winter he’k de mannegies dan ok de dubbele iezerties onderbunnen en et ies opstuurd. Waor as de jongste et stoeltien veural gebruukte om him deur aanderen rondrieden te laoten, zwierde, now ja, toffelde de ooldste als een waore Sven Kramer in de dop over et ies. En ik zag et al zitten. 2022, een hossende oranjemassa in Thialf, waor as een exotische naeme deurhenne golft, een goolden plak op ‘e Olympische Winterspeulen. Veur et eerst wodden die ok in Caïro volgt… ‘Wat zeggen

jow, kereltien? Mit de ieshockeyjongen mitdoen? Now, dat liekt me nog wel een betien te vule van et goeie. (Butendat kuj’ die medallie dan wel op ‘e boek schrieven.) Blief hier nog mar even wat henne-en-weer scheuvelen, dan doe ik ok een rontien.’ Want al was et zowat twaelf jaor leden da’k de iezers onder had, mem mos ok even. Scheuvelen is ommes krek as fietsen? Even wennen en dan glieden jow zo weer de wereld uut. Daor gong ik. De wiend in et haor… de kop op et ies, et bien reer haoks onder et lief en an et begin van de winter de iezers al weer in et vet.

Mar de aandere winter kregen we een twiede kaans. Nao acht weken op ‘e baank en tien maonden warken om mien eigen bien weeromme te kriegen, vreuren de sloden en poelen weer dichte. Mit et sukses

van et veurige jaor nog in et aachterheufd, mos de ooldste èchte iezers, dus kochten we him iesie glaaiders. Ik hebben ‘m eerlik waorschouwd… ‘Mit ien iezer is hiel wat aanders…!’ Mar hi’j was groot en stoer. En een stoeltien was niet veur iene van zeuven jaor. Deur de sni’j klunen naor de raand van et ies gong nog best. Ien iezer kwam op et ies. Et aandere kwam los van de sni’j en – bats! – daor lag hi’j. En hi’j kreeg de bienen d’r niet weer onder. Hoe was dit meugelik? Veurig jaor gong et zo goed… Zo dominant bin die wintergenen dus ok weer niet. Al mit al is de Olympisch kampioen van 2022 ien rontien over de iesbaene west. In een tied van 45 minuten. Weer zatten de iezers an et begin van de winter in et vet. Waachtende op ‘e volgende. Ik heb nog twie medalliekaansen.

46

Page 47: Heit en Mem 4 - 2010

47

‘Mei de berte fan Tessa is myn libben echt feroare. Ik wit noch as de dei fan juster dat ús dochter belle en fertelde dat wy pake en beppe wurden wienen. Echt in grut wûnder. Foarhinne rôpen de skoalbern dy’t delfytsten wolris nei my ‘Hoi pake!’. Mar no bin ik ècht in pake en dêr bin ik sa grutsk op! Tessa en ik binne twa hannen op ien búk. Wy sjogge in soad televyzje tegearre en dan jout se har hearlik del op myn skoat. Of wy kuierje efkes nei de winkel ta om tsiis, woarst en chips te heljen, want dêr binne wy beide gek op! Lêstendeis woe har mem har út bêd helje, mar dat wie it famke net nei it sin want pake moast komme. Tessa is in blier en leaf famke mei in eigen wil. Nei Tessa bin ik noch twa kear pake wurden, fan Jelmer en Thijs. Der giet gjin dei foarby dat myn frou en ik it net oer de pake- en beppesizzers ha, sa mâl binne wy mei alle bern!’

Wolsto reagearje op dit artikel? Dat kin op www.heitenmem.nl

pake Syn pop

namme: Jan Talstra (76) en

Tessa Grijpstra (2)

Wenplak: Eastermar

hobby: lêze, fytse,

televyzjesjen en de bernsbern

Relaasje: al 48 jier troud mei

Tetje Maria Visser

Bisto pake of beppe en

wolst ek meidwaan oan

dizze rubryk? Stjoer dan in

foto op fan dysels mei dyn

pake- of beppesizzer nei

[email protected].

47

Page 48: Heit en Mem 4 - 2010

DE MOAISTE FRYSKE BOEKEN FINE JO BY DE AFÛK!

yn de moannen septimber, oktober en novimber kinne jo by oankeap fan in Frysk berneboek it tomke ferkearsboek der foar € 3,95 by keapje (oars € 12,95).

tomke ferkearsboek (mei cd)-“Fansels moatte pjutten en beukers alles oer it ferkear witte, mar lokkich bringt it “Tomke ferkearsboek” dat net oer as lessen dy’t leard wurde moatte. Tomke docht yn it boek gewoan de dingen dy’t oare bern ek dogge, mar boartsjendewei wurde dochs wat regels oer it ferkear dúdlik makke.”- (resinsje LC)En it moaie is, de ferhalen en ferskes steane ek noch op cd!

De BernebibelYn de bernebibel steane 25 bibelferhalen út it Alde en it Nije Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde ienfâldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern rjochte taal. Mei de waarme en kleurrike yllustraasjes fan Marijke ten Cate fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus weromkomme sil.Leeftyd 2+

kranen, kypauto’s en folle mear…In prachtich grut en stevich (38x34 sm) kartonboek foar alle lytse en grutte fans fan ferfiermiddels.Wat gebeurt der allegearre op it bouplak, it fleanfjild, by it útriden fan ‘e brânwacht of yn ‘e haven?De platen binne ryk oan details.

de oerwinnings fan tido houtsmaThys WadmanBern wêze, dat liket sa leuk en maklik, mar it falt faak net ta.-“ In peareltsje. Sa kinst de nije útjefte “De oerwinnings fan Tido Houtsma” fan Thys Wadman wol omskriuwe.” - (resinsje LC)Leeftyd 10+

Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058-234 30 70no ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere of bestel online op www.afuk.nl

in grut ferskaat oan moaie (kream)kadootsjes:

tûzen wurdenDit printsjewurdboek is in lês-, boarters- en sjochboek: om de grutte platen hinne steane allegear foarwerpen ôfbylde dy’t yn de grutte plaat wer opsocht wurde kinne. Under de foarwerpen stiet de namme. Sa leare bern boartsjendewei om foarwerpen te herkennen en te beneamen.

no Wer te keap:

jezus wurdt berneDe keizer fan Israël wol dat elkenien him ynskriuwt yn syn bertedoarp. Joazef en Maria - dy’t in berntsje ferwachtet - geane dêrom op reis nei Betlehem. Dêr kinne se gjin ûnderdak fine, mar gelokkich krije se plak yn in stâl. Wurdt dêr de Kening berne dy’t God beloofd hat? In animaasje fan it ferhaal stiet op de ynsletten dvd. In prachtich krystkadootsje.Leeftyd 2+

€ 32,50

€ 14,95

€ 7,95

€ 13,95

€ 14,95

tomke FerkearsBoek, tyDlik mar € 3,95 *

*